De sel yn foar Katalaansk praten

septimber 22, 2013 20:27

“Ast gjin Spaansk praatst, komst jûn sûnder rydbewiis thús!” Dat soe in Spaanske plysje ôfrûne desimber by in rûtinekontrôle tsjin Carles Mateu Blay sein hawwe. Blay gie troch yn it Katalaansk en kaam dy jûns nei in pear oeren op it plysjeburo sûnder rydbewiis en mei tûzen euro boete thús. Letter kaam dêr noch in finzenisstraf by. Taalbewegers hawwe no in petysje opset om Blay út ‘e sel te hâlden.

Op 21 desimber 2012 om kertier foar fiven ried Blay op de sneldyk by Almassora yn Falensia, doe’t er in stopteken krige. De plysje hold in grutte kontrôle op saken lykas drankgebrûk, autopapieren en it dragen fan de gurdle. Blay stie neffens syn eigen sizzen de plysje dy’t him om syn papieren frege freonlik te wurd. Dat die er yn syn memmetaal, it Katalaansk. De plysje sei dat er út Madrid kaam en gjin Katalaansk ferstie. Blay ferbriek him lykwols net. Neffens Blay waard de plysje doe lilk en utere er it drigemint oer it kwytreitsjen fan syn rydbewiis.

Trije oeren fêstholden

Yn de dielsteat Falensia is it Katalaansk njonken it Spaansk in offisjele taal en hawwe boargers it rjocht om dy taal tsjin de oerheid te brûken. Oars as yn buordielsteat Kataloanië is it der lykwols net tige gebrûklik. Doe’t Blay trochgie yn it Katalaansk, waard er meinommen nei it plysjeburo. Dêr waard er trije oeren fêstholden. Hy rekke syn rydbewiis kwyt en krige hege boetes foar it net dragen fan de gurdle, it net yn ‘e auto hawwen fan in reflektearjend heske en it wegerjen fan in alkoholtest. Neffens Blay binne de beskuldigings optocht en hawwe de plysjes wraak op him naam, om’t er it ferpofte en praat Spaansk.

Healjier selstraf

Dêr bleau it lykwols net by. Blay gie yn berop tsjin de boetes. De plysje klage Blay doe oan foar obstruksje fan it gesach. De plysje hie sukses: Blay waard feroardiele ta in healjier selstraf, om’t er wegere hie om in plysjebefel op te folgjen.

Yn de petysje wurdt de iepenbiere oanklager fan Falensia, José Cholbi Diego, frege om de feroardieling fan Blay yn te lûken. Klik hjir om de petysje te besjen of om him te ûnderskriuwen.

 

septimber 22, 2013 20:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.