Oarlochsbrieven yn Yde fûn

augustus 19, 2013 20:28

Yn in foartiidsk kafee yn Yde is in tromp mei dêryn 68 brieven út de Twadde Wrâldoarloch fûn. De brieven binne fan Fryske manlju dy’t ûnder de oarloch yn it strafkamp fan Yde sieten.

Yn de brieven betankje hja it echtpear Timmer fan it doarpskafee, dat finzenen yn ‘e oarlochstiid ekstra iten en medisinen joech en bytiden ek holp by ûntsnappingen. De brieven binne ûnderwilens yn it besit fan Erik Dijkstra; hy docht ûndersyk nei it strafkamp yn Yde, om’t syn pake der yn de oarloch siet.

Tentoanstelling

Dijkstra hold yn maaie fan dit jier in tentoanstelling oer it wurkkamp Yde yn it eardere doarpshûs fan it doarp. Dêr wie it wurkkamp troch de Dútsers ûnderbrocht fan septimber 1944 oant april 1945. Hy rekke doe ek yn petear mei de pakesizzer fan it echtpear Timmer, Egbert Brinkman, dy’t mei it kafee opholden wie.

It praat kaam doe op in âld trompke dêr’t de famylje Timmer betankbrieven fan finzenen yn bewarre hie. Dat moast noch earne wêze. Nei in speurtocht yn de kasten fan it eardere kafee yn Yde is de tromp weromfûn.

Dijkstra hat alle brieven ûnderwilens ynskand en hat kontakt socht mei neikommelingen fan de briefskriuwer. De brieven binne yn te sjen fia de webside werkkampyde.nl.

augustus 19, 2013 20:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.