Moard buorkundich fia Facebook

augustus 9, 2013 00:35

In grouwélige moard yn Miami is kundskip fan dien fia in Facebookpagina. In man dy’t syn frou om it libben brocht, sette in foto fan har beblette lichem op facebook, ta grutte ûntsetting fan freonen en famylje. De Facebookpagina fan Derek Medina waard fluch offline helle.

Medina hie syn frou, Jennifer Alfonso, yn har hûs deasketten nei deilisskip dat út de hân rûn wie. Foardat de 31-jierrige man himsels tongersdeitemoarn oanjoech by de polysje, sette hy noch in grousume statusupdate op Facebook. Neist in foto fan it swier tehavene lichem fan Alfonso publisearre hy in bekentenis.


‘Ik gean de finzenis yn of krij miskien de deastraf foar it deadwaan fan myn frou’, seit de tekst. ‘Ik hâld fan jimme, jimme sille my yn it sjoernaal sjen.’

De polysje trof it lichem fan de fermoarde echtgenoate oan yn de keuken. In tsienjierrich famke hold ek ta yn it hûs, mar har mankearre neat.

augustus 9, 2013 00:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.