Hast mearderheid Friezen foar selsbestjoer

july 27, 2013 20:29

45% fan de Friezen is fan betinken dat de hjoeddeistige politike status fan Fryslân yngreven feroarje moatte soe. En 46,9% fan de ynwenners is fan miening dat Fryslân yn de takomst sels safolle mooglik syn eigen saken regelje moatte soe (selsbestjoer/autonomy). Fan de ynwenners fan gemeenten yn it súdwesten fan Fryslân (Littenseradiel, Súdwest Fryslân, Gaasterlân-Sleat, Skarsterlân en Lemsterlân) wol sels in mearderheid selsbestjoer (54%), yn de oare gemeenten leit dat justjes leger (ûnder de 50%).

Dat binne in pear fan de útkomsten fan in wittenskiplik ûndersyk fan Aitziber Salazar fan de Universiteit fan Uppsala (Sweden). It ûndersyk is begjin dit jier holden ûnder ynwenners fan alle hoeken fan Fryslân. Wichtichste doelen fan it ûndersyk wiene om nei te gean oft Friezen mear autonomy wolle en om nei te gean wat dêrby beskiedende faktoaren binne. Foar it ûndersyk is in represintatyf tal fan 286 minsken frege om te anderjen. Sawol manlju as froulju, yn alle âldensskiften. Der is frege yn de grutte plakken lykas Ljouwert en Snits mar ek yn lytsere plakken.

‘Fryslân ûnderdiel fan Nederlân gjin foardiel’

In mearderheid fan 51,4% fan de Friezen is der net fan oertsjûge dat it ûnderdiel wêzen fan Nederlân foardielen foar Fryslân opsmyt. 32,2% is sels fan miening dat it neidielich is foar Fryslân. 19,2% sjocht per saldo gjin foardielen, mar ek gjin neidielen.  As minsken frege wurdt oft it ûnderdiel wêzen fan in gruttere steat (Nederlân) persoanlik foardielen opsmyt, seit in grutte mearderheid fan leafst 63,6% fan de ûnderfrege minsken ‘nee’ of dat it neat útmakket.

In tal oare opmerklike útkomsten binne dat mar 24,5% fan de ynwenners harsels allinnich ‘Nederlander’ neamd en dat 75,5% harsels folslein Frysk fielt of yn mear of mindere mjitte.

july 27, 2013 20:29
Skriuw in reaksje

69 opmerkingen

  1. Kening Redbad july 27, 20:50

    Moaie útslach, mar it moat fansels noch better. Op nei folslein selsbestjoer…!

  2. Freddy Karnemelk july 27, 21:44

    In wittenskappelyk undersyk yn Uppsala der 289 minsken frege wurde….
    liket my net sa witteskappelyk. 289 minsken binne net representatyf foar
    In provinsje mei 600.000 ynwenners. En kening Redbad, it komt mei
    datst in feodale komponent fan de fryse mienskip fertjinwurdigest.

  3. Kening Beroald july 28, 10:18

    Selsbestjoer!

  4. Kerst Huisman july 28, 11:53

    Keningen, of’t se no Redbad of Beroald hjitten hawwe, binne út de tiid. Se wienen yn har tiid wichtige symboalen, mar ek allinnich dat. As Fryslân al in Europeeske steat (dat wol sizze in gebiet mei eigen polityk foech binnen Europa) wurde sil, sil it allinnich in republyk wêze kinne, mei in eigen grûnwet op demokratyske en sosjale grûnslach en op de basis fan folkssûvereiniteit, krektlyk as de oare Europeeske steaten. In oare opsje is der neffens my net. Wat Freddy seit oer it net represintative fan sa’n útslach, is mar betreklik. Der leit mei dizze sifers yn elk gefal wol in basis foar it foarmjen fan in politike formaasje, dy’t (mei goede arguminten) Fryske autonomy neistribbet. En as jo dat dogge, komme der folle mear meistanners. Der is oant no ta eins amper diskusje fierd oer autonomy, of it is ôfdien as in waanidee. Mar dan witte de minsken ek hielendal net wer’t se foar of tsjin stimme. Mar dit betsjut dat der foar al dy foarstanners út de enkête, wurk oan de winkel is. Oare minsken oertsjûgje, dêr giet it om. Litte wy dêr ris oer begjinne nei te tinken, hoe’t dat moat.

  5. Hans july 28, 12:21

    Als je de juiste vragen stelt, met de juiste keuzemogelijkheden en dan ook nog onder niet teveel respondenten, dan krijg je alles bewezen. Het grootste resultaat van dit onderzoek is het bewijs dat je nog steeds met flutonderzoeken kunt promoveren.

    Groeten van een geboren en getogen fries

  6. Freddy Karnemelk july 28, 13:26

    Ik fyn dat hans in punt hat. Werom net, as it frysk museum
    twatalig wurden is, in grutte enquete organiseerje?
    Mei Maurice de hond bygelyks. Kinst de
    Nationale Media oan dacht helje.

  7. Beroald july 28, 13:33

    Wer werom nei situatie yn 16e ieuw, Unie der Nederlanden mei onafhankelijke steaten.

  8. Kerst Huisman july 28, 13:51

    Yn safier kin ik it iens wêze mei Hans, dat dizze enkête, lykas mei safolle enkêtes, ek dy fan Maurice de Hond, net safolle seit. Mar dêr giet it net om. De enkête wiist nammentlik út dat der inkelde hûnderten ynwenners fan Fryslân binne, dy’t it dermei iens binne dat de politike status fan Fryslân yngeand feroare wurde moat. Dat is it echte ynteressante punt. De fraach is nammentlik: wolle dy sawat fyftich persint fan de troch Aitziber Salazar enkêtearre 286 persoanen (dat komt aardich yn de buert fan 150 yndividuen) dêr ek foar yn it spier, lykas ik al skreau, in politike formaasje foarmje dy’t him hjir aktyf foar ynsette wol? Dat wol sizze: de saak bestudearje, arguminten formulearje, en dêrmei nei de minsken ta, yn foarumdiskusjes en politike aksje? Want dat is, oars as hokker enkête dan ek, de iennichste wei om werklik oanhing te krijen. Lês de skiednis fan alle mooglike sosjale bewegingen, dy’t ek lyts begûn binne, der mar op nei.

  9. Kerst Huisman july 28, 14:01

    Efkes wat rjochtsette: dy 150 persoanen dy’t ik yn myn foarige stikje neam, binne fansels noch gjin inkelde hûnderten ynwenners fan Fryslân. Mar ik tink dat dy der bêst wol binne. Dat hat ek wol ut eardere enkêtes bliken dien. Mar litte wy ús net blynstoarje op it ferûnderstelde net-represintative karakter fan de enkête, mar ús rjochtsje op wat der allegearre mei dit potinsjeel fan 150 of mear minsken te berikken falt. Dêr heart eisn de diskusje oer te gean.

  10. Anonym july 28, 14:04

    Maar gouw zelfstandig Als het kan ?, want ZE GUNNEN het noorden niet veel , Maar Wel genieten van het NOORDEN (GAS)
    Nu willen ze weer het SCHAATSEN , NAAR Almere verplaatsen , nee Wij Friezen tellen niet mee , DAAR IN DENHAAG.
    Ook op de WEERKAART , KOMT DE NAAM Friesland niet voor ,

    DUS ZO DENK IK ER OVER.

  11. minze july 28, 14:08

    Die hollanners ha us gas al stellen. ‘t hat no gjin sin mear om selstandich te wurden. Dat hie nei de 2e wrald oarloch matten. wy binne al te let. Dus lit ‘t mar sitte.

  12. Kerst Huisman july 28, 14:19

    Foar wa’t it ynteressearret: Oangeane aksjefieren en propapaganda: lês ekris:

    http://www.demoanne.nl/stipe-fan-de-oerheid-fansels-mar-wy-kinne-sels-ek-in-hiel-soad/

  13. Kerst Huisman july 28, 14:42

    No. no, Minze, de Hollanners hawwe ús gas stellen? Dat is dochs wol in bytsje te bot út de bocht! Dat der mei dat gas fan alles oan de hân wie en is, is it punt net. Mar as it oer stellerij giet, soest earder ris tinke kinne oan de NAM en dus de Shell, en hoe’t Nederlânske politisi mei grutte belangen by dit soarte organisaasjes har hert en siel ferkocht hawwe oan de oalje- en gasyndustry. Om dizze kwestje no folslein yn in simpele Hollânsk-Fryske tsjinstelling sjen te wollen, dêr gean ik net yn mei. As it lju as Edzard Cirksena en Karel Roorda yn de sechstjinde ieu slagge wie om in Fryske bûnssteat te foarmjen nei it Switserske model (dy kâns hie deryn sitten), dan hie it gas, ek yn de Grinzer Ommelannen, yndied Frysk besit west, en dan hienen wy it Koeweit fan West-Europa west. Mar dat is sa net gien, troch alle mooglike oarsaken, dêr’t ik hjir fanwege de romte net op yngean kin, mar wêr’t noch wol in hiel soad oer falt te sizzen. Ik wol hjir ek net mei sizze, dat de skiednis no ienkear sa rûn is en dat ús ynsette foar selsbestjoer no gjin sin en doel mear hat. Dat is wat elke generaasje opnij wer útmakket, dus dat jildt ek foar ús en de Friezen dy’t nei ús komme.

  14. Midfryslanner july 28, 14:45

    @Hans en anderen: Op basis van een gangbare steekproefmarge van 5% en een populatie van 512.000 Friezen zijn bij een betrouwbaarheidsniveau van 90% 271 respondenten (geïnterviewden) nodig. Er zijn dus meer mensen geïnterviewd dan dit aantal en daarmee kunnen met een bepaalde zekerheid uitspraken worden gedaan.

    Onderzoeken zeggen niet alles maar 47% is veel meer dan bijvoorbeeld het percentage stemmers voor de FNP (10-15%). Er moeten dus ook bij andere partijen veel mensen rondlopen die hier achter staan.
    Eens met Kerst Huisman: wie pakt dit op en komt in actie?

  15. Aage M july 28, 16:14

    I’n moai liet!. Wel in bytsje shanty eftig. Ed nijpels en
    Kleerkasten. Dat is nij foar my. Selsbestjoer,
    der doch ik al jierren oan. De onofhanklike staet
    fan Aage M.

  16. iekke binne dre july 28, 18:35

    ik fient alles gut

  17. iekke binne dre july 28, 18:37

    fryslan buppie

  18. Kerst Huisman july 28, 20:05

    Bêste Aage M., Dat lietsje moat ek shanty-eftich. It moat troch in soad minsken mei-âle wurde kinne, krektlyk as yn de fuotbalstadions. It wurdt allegearre útlein yn dat stik yn de Moanne.

  19. Aage M july 28, 21:12

    Ik sil de moanne leze sadree ik werom
    yn hollan bin.

  20. Erwin2.0 july 28, 22:58

    Tiid foar in grutter ûndersyk! Mar dizze útslach liket al hiel aardich.

  21. Kening Finn Folcwalda july 29, 00:07

    @ Freddy Karnemelk, Kening Redbad wie gjin feodale komponent fan de Fryske mienskip mar in odale, dat is hiel wat oars. En mei de Friezen ha wy it oer in folk en net oer in lânstreek mei ynwenners.

    Dizze Fryske ‘reservist’ om útens is optôge troch dizze útslach!

  22. W july 29, 08:43

    Ja foar autonomy!

  23. Freddy Karnemelk july 29, 09:24

    Fuckwalding, Redbad, Aedolf en wat foar dan ek om utens,
    Reservist of net, in kening is net demokratsyk.
    Ik bin foar in anarchistysk folk yn in lanstreek,
    sunder lieders. Nimmens baas, nimmens
    Knecht.

  24. Freddy Karnemelk july 29, 09:47

    Wat is dat: odale? Ik sjoch in anargistysk
    Fryslan, lykas yn de 11de ieu. Nimmen de
    Baas, nimmen de feint. Gjin plak foar mythologyske
    Machthawwers die yn oare lannen wenden.

  25. Njirre july 29, 10:05

    Wy moatte fansels wol de euro hâlde en in kening liket my ek wol gaadlik , wa moat der oars parades ôfnimme op’e lêste sneon yn septimber ?

  26. Kerst Huisman july 29, 11:32

    Foar dy parades hawwe wy gjin kening nedich. Dat kin Foppe de Haan, Doutzen Kroes of Rients Gratama wol dwaan

  27. Kerst Huisman july 29, 11:33

    En dy euro dat wit ik ek noch net. Miskien dondert dy aanst wol ynelkoar, en dan sitte wy sunder. Wy kinne better kontakt sykje mei de Skandynavyske lannen.

  28. Kerst Huisman july 29, 11:38

    Wat dy parades oangiet: Pyt Paulusma – Wy moatte moarn mar wer efkes yn it waar sjen -soe it ek hiel goed kinne. Dan ropt er oan de ein: “Oant moarn!”

  29. Freddy Karnemelk july 29, 11:52

    Miskien kin Abe de Vries wol de parade dwaan. Hy ha wol aristokratske trekjes.

  30. Freddy Karnemelk july 29, 12:07

    Doutzen is oke, mar dan moat se wol earst in miss ferkiezings op har CV hawwe!

  31. Sjoerd Groenhof july 29, 12:38

    Moin, nei in Europa fan de regio’s #Fryslânplus, fiergeande desintralisaasje prima, sjoch ek op http://halbeda.blogspot.nl/2012/09/het-europa-van-de-regios.html

  32. Kerst Huisman july 29, 12:54

    Miskien moatte wy Doutzen dat ek net oandwaan. Se hat al safolle te ferduorjen hân fan de kante fan de AFÛK en de Fryske beweging, lit har by neier ynsjen mar mei rêst. Libbe Tinus met de tassen no noch mar!

  33. Kerst Huisman july 29, 12:59

    Bêste Sjoerd, Dat idee fan de Grutte Bierkening moat mar net. Dy woe ús mei Grinslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân yndield ha by IJsselland Arnhem. Wy fan FoArum hawwe Heineken destiids nochris frege om mei ús yn diskusje te gean oer syn idee, en uzes dêroer, mar dat woe er net.

  34. Freddy Karnemelk july 29, 13:44

    Doch is it europa fan’e lytse lannen en regios wol in goed idea. Der binne folle lytse lannen en regios der ien mei opardbeidjzen kin.

  35. Sjoerd Groenhof july 29, 15:32

    Op ûndersteande twitterlink: “Grut Fryslân biedt betere toekomst”, in stikje út de LC oer Fryslân+ ek troch de eagen fan foarsitter CU. It is in earste stap fan fierdere emansipaasje.

    https://twitter.com/SjoerdGroenhof/status/327186114320424961

  36. Kerst Huisman july 29, 16:33

    Bêste Sjoerd en Freddy, Fansels soe ik sizze. In Europa fan de lytse lannen en regios’ dêr hawwe wy it hieltiten oer. Mar dat idee fan Heineken joech yn elk gefal wat Nederlân en Dútsklân oanbelanget, gjin inkelde romte foar ús ideeën. En dat hie ik en ek oaren tsjin op syn Eurotopia. En fan dat ferhaal fan de CU-foarsitter waard ik ek noch net sa fleurich. Sjoch, wy kinne ús wol drok meitsje om alle mooglike regio’s yn Europa, mar wat der yn Wales, Baskenlân, Bretanje en Skotlân bart, dêroer hawwe wy neat te sizzen, dat meitsje de lju dêr sels wol út. It giet my derom, in beweging fan de grûn te krijen dy’t in politike faktor wurdt om sa’n Europeeske regiosteat Fryslân ta stân te bringen. En dat moatte WY dwaan. Dêrfoar kin dizze diskusje in begjin wêze, mar moat dêr fansels net by stil stean bliuwe, dan komme wy der yn de ivichheid net fierder mei. Yn it foarste plak soe it in goed idee wêze om noris te sjen wat wy en oaren dy’t it wolle, dwaan kinne yn it ferbân fan it idee fan autonomy-binnen-it-Nederlânske-steatsferbân, dat de FNP no wer op de wurklist setten hat. Iksels bin al jierren lid fan de FNP, ik haw sels in boek oer de skiednis fan de partij skreaun en ik mien dêrom sizze te kinnen dat ik de FNP wol aardich goed ken. Dêrtroch wit ik, dat it ‘op de rails setten’ fan dat autonomystribjen fan de FNP, sjoen hoe’t de partij no yn elkoar stekt, in heikerwei fan jewelste wurdt. De FNP hat foar it fieren fan dit soarte politike aksje gjin inkelde ûnderfining, en in part fan de leden mist ek de ynstelling en de ynstek om dêrfoar te gean. Dêr soenen foarstanners lykas wy fan it idee fan autonomy – al of net binnen it Nederlânske steatsferbân, wichtich wêze kinne, troch ús te ferienigjen en in politike strategy te ûntwerpen. Yn goed gearwurkjen mei de FNP fansels, mar wol dúdlik werom te kennen as minsken mei in fêst en klear idee oer dizze Fryske takomst.

  37. Freddy Karnemelk july 29, 17:05

    Dochs tink it dat it ek tige wichtich is dat er onafhanklilke stimmen in it fjild bliuwe dy nije of orginele bydragen
    leverje kinnen. Allegeare by de FNP leveret ienheidswurst en dat kin net goed weze.

  38. Freddy Karnemelk july 29, 17:10

    En, wat jo fan oare lannen learre kin is bygelyks de underfining dy jim yn yo party missen. Wat er in Wales bart en de Faroer eilannen en de Shetland eilannen is tige brukber foar jim.

  39. Sjoerd Groenhof july 29, 18:26

    Bêste Kerst,

    It giet my hjir om it idea fan de Europa fan de regio’s, net om de fierdere ynfolling dy Heineken der oan joech, ik neamde bewust al in pear kear #Fryslânplus.
    Natuerlik moatte wy ta nei mear autonomy foar Fryslân, ek passend yn it federaal tinken fan de FNP.
    Hjir is elektoraat besjoen op it stuit mear foar nedich dan allinnich de FNP, wy moatte mear bûnsmaten sykje ek by de oare partijen yn Fryslân om dizze belieddskoers folgje te wollen. Dêr is in soart lobby wurk foar nedich yn it Fryske fjild om dan hjirmei yn de steaten (parlemint) eigenstannich nij provinsjaalbelied op te meitsjen.

    Hawar, wat my oanbelangjend is it glês healfol.

  40. Freddy Karnemelk july 29, 19:57

    De FNP mei 10 oant 15 percent soe wol
    Eins in fremde piip smokjen kinn.

  41. Freddy Karnemelk july 29, 21:01

    De FNP soe noch wolris in frjemde
    piip smokjen kinne mei har oan hang
    fan 10 – 15 persint. Better te concentearje
    op har kearngebieden.

  42. Sjoerd Groenhof july 29, 22:56

    De FNP hat al keazen foar mear autonomy foar Fryslân binnen it keningkryk.
    Sjoch it fisydokumint fan maaie 2013.
    hjir FRL: http://cms.fnp.nl/cms/bijlagen/FNP_Fisydokumint_2013__Nij_perspektyf_foar_Frysln_def.pdf
    en hjir NL: http://cms.fnp.nl/cms/bijlagen/FNP_visiedocument_2013__Nieuw_perspectief_voor_Frysln.pdf

    Wat no wichtich is om ek de oare partijen yn de steaten efter it fisydokumint te krijen en hjirop belied te meitsjen en te kiezen foar nij perspektyf foar Fryslân.

    As wy/hja dêr net mei dwaande binne dan bliuwt it fisydokumint in suertsje út in snoepwinkeltsje.

  43. Kening Finn Folcwalda july 29, 23:17

    @ Freddy Karnemelk

    Hjir efkes tuskentroch in antwurd op dyn fraach oer it ferskil tusken feodale en odale lieders. In feodale lieder is in frjemde lieder dy’t de baas spielt oer in folk der’t er neat mei te kreien (meitjsen) hat. In odale lieder is in lieder dy’t út it folk sels wei komt.

  44. Jong & Frysk july 30, 08:30

    Earder is it al neamt; dit ûndersyk foldocht “gewoan” oan de easken om representatyf byld te jaan.
    Dêrmei is dit ûndersyk ek falidearre.

    Dat der mear selsbestjoer komme moat, is neffens my (al tiiden) dúdlik.
    Fryslân kin skoan himsels rêde.

    Dêrom soe sjoen wurde moatte nei de ymplemetaasje fan de (f)actoren dy’t by selsbestjoer by hearre.
    Mei oare wurden: hoe komme wy by/oan selsbestjoer (sjoch û.o. foarbylden fan Kerst) en hoe hâlde wy selsbestjoer?

  45. Freddy Karnemelk july 30, 09:37

    Ik hie it net oer it undersyk ut Uppsala mar fersykje hjir self my ferstan te bruke:
    Als de FNP mar 10-15 persint fan de stimmen had in Fryslan, dan soenen hja mei sa’n polarisearjend punt in har programma noch wol iens in frjemde piipe smookjen kinne. Mar miskyn kinne jim mei it eilan Grien begjinne as symboaliske frystaat in analogy fan andorra wer de officieale fiertael katalaansk is?

  46. Kening Finn Folcwalda july 30, 14:50

    Sille wy ris in stappenplan meitsjen meiinoar:

    1. Earst moat de universiteit fan Frentsjer werom komme.
    2……

  47. Redaksje ItNijs july 30, 15:03

    De redaksje hat berjocht krigen fan Aitziber Salazar Arresti. Mei in betrouberens fan 91% (wat akseptearre is yn de Sosjale wittenskippen) en in foutmarzje fan 5% is it oantal fan 286 ûnderfrege ynwenners fan Fryslân foldwaande represintatyf te neamen. De universiteit fan Uppsala stiet dan ek boarch foar de wurkwize fan dit ûndersyk.

  48. Freddy Karnemelk july 30, 16:36

    Kening Finn Focwalda: It Fries Museum twa talig. Der is al in aksje geande

    Ik sis net mear dat ik de utslach fan iit undersyk net leauw. Ik frege my allinich af oft sa’n aksje punt
    net mear skea foar in lytse partij jout. Sjoch ris nei wat barde my grien links lesten jier……
    Mar wa bin ik. Werom fersykje jim it net? Wie niet waagt, wie niet wint,

  49. Jong & Frysk july 30, 17:42

    Underwiis is de boarne fan de mienskip. Bern wurde foar in sinjifikant part grutbrocht yn skoalle, de noarmen, wearden en omgeansnoarmen (en -foarmen) wurde yn skoalle oan de bern bybrocht.

    Mei it each op dy omgeansnoarmen (en -foarmen) soe it in triuw yn de goede rjochting wêze troch it Frysk aktyf te brûken yn, by en rûnom skoallen. Dêrom soe trijetalich ûnderwiis de standerd wêze moatte foar Fryske skoallen (de diskusje oer de Stellingwarven yn it midden te litten – dat is foar in letter proses)

    Sjoch û.o.: http://fryskebeweging.nl/wp-content/uploads/2010/04/3-TaligeSkoalle.pdf

  50. Freddy Karnemelk july 30, 18:22

    Ik bin in freon fan it frysk, de fryske tael, de fryske literatuer, identiteit en skiednis.
    It is moai ek yn it frysk in petear te gean. Ik tink dat it wichtig is dat er 3 talige frysk underweis is en dat er nijs
    is yn it frysk. Mar ik tink dat de wei fourut earst de lykwaerdige posysje fan it frysk in frysland is. Dar wurdt al hurd oan arbeidzje amr it kin noch altyd folle better. Sa ek mei it Frysk museum.

  51. Freddy Karnemelk july 30, 19:14

    En no is it tiid foar in biertje en wat oars!

  52. Lútsen july 30, 20:24

    Freddy: fersykje = verzoeken; besykje = proberen

  53. Johannes july 30, 20:40

    Goeie petearen hjirre oer Fryslân en selsbestjoer.
    Eltsenien is der mei dwaande en hat in miening, dêr kinne wy wat mei.
    Foar it Frysk soe it folle better wêze dat Fryslân wat selsstanniger wurde sil.
    Dat sil noch in skoft duorje, dêr moat eltsenien en foaral de polityk ek in soad petearen oer hawwe. Sokke feroarings moat sein wurde, moat ûndersocht en wiidweidich oan ‘e oarder komme.
    Sjoch allinnich al nei de petearen oer de Fryske stêden- en doarp- namme boarden. Se binne noch altiten net yn ‘t allinnich Frysk. En mei it grutter wurden fan ‘e gemeentes liket der op dat it wer mear nei Hollânsk ta giet.
    Sjoch nei de minderheids-talen yn oare Jeropeeske lannen, dêr giet it ek in bytsje foarút.
    Wy sille hjir yn Fryslân bytsje by bytsje eltsenien der ree foar krije moatte, dat is foar de lange tiidrek. It Nijs is in ynstrumint om it foarút te buorkjen.

  54. Freddy Karnemelk july 30, 22:28

    Miskien is it foarmalige sudafrica in treffend foarbyld fan
    in lan wer de Afrikaners yn de tritticher jierren
    de macht werom kriigen troch de polityk ( fan binnen ut).
    Wat hja der mei dienen is in oar ferhaal.

  55. Kerst Huisman augustus 2, 09:26

    Net de taal, mar wurk en hope foar de minsken. Sa soe ik myn nijste bydrage oan dizze diskusje gearfetsje wolle. Wy hawwe mei syn allen, bêste freonen, hjir no al mear as fyftich reaksjes by dit ûnderwerp setten. Doe’t ik dat alles nochris oerlies, tocht ik: wy moatte noch wolris goed neigean, of dit de trochsneed Fries en Friezinne wol oansprekt. Dat komt omdat wy it net hân hawwe oer de noed en soargen fan dizze minsken. Yn earste ynstânsje fansels pinigjende fragen foar guon hoe’t it mei de hûzen en hypoteken gean sil, mar fuortdalik dêr efteroan dûkt it kweade spûk fan de echte earmoed op. Jo moatte der net oan tinke wat der barre kin as de euro en/of de dollar werklik falle. Dat dit gjin fantastysk horrorsenario is, kin eltsenien witte, dy’t goed it finansjele en ekonomyske nijs en foaral ek de eftergrûnen folget. Minsken wachtsje net ôf. Jo sjogge rûnom yn de wrâld regio’s of lytse steaten dy’t njonken de ‘grutte’ muntienheden in eigen munt ynfiere of al ynfierd hawwe. Ik neam de Amearikaanske steat Massachusetts, de gemeente Totnes yn Cornwall, it eilân Sardinië. Net om fuortdalik de ‘eigen’ munt yn it plak te setten fan de grutte euro en dollar, mar om dochs fierder te kinnen, as de wat slimmere rampsenario’s wol wierheid wurde. Ik soe dêroer wol fierder diskusearje wolle: kinne wy dat sels ek? Moatte wy, njonken dy euro, net in eigen Fryske munt hawwe, neam him mar de sceatta (om noris in weardefol symboal út de tiid fan dy ferskriklike keningen te neamen). Moatte wy net in eigen bank oprjochtsje op koperative grûnslach? De Fryslânbank yn in nij jaske? Ik wol jim wize op in nijsgjirrich ferhaal yn Trouw fan hjoed oer minsken yn Apeldoarn, dy’t in koperative bank stiftsje wolle en goede hope hawwe, foar de ein fan it jier 20.000 leden by elkoar te hawwen. Ik tink dat der mei sokke plannen, tagelyk mei it formulearjen fan in goed ûnderboud idee oer autonomy, in soad nij elan yn Fryslân ûntstean kin.

  56. Freddy Karnemelk augustus 2, 19:55

    Werom net de Asn bank utnodigjen in
    Koopertieve bank op te sette dy de motor
    Weze kin foar duorsumens.

  57. Kerst Huisman augustus 3, 09:27

    It giet my der krekt om dat der hjir yn Fryslân sels ynisjativen fan de grûn komme. De ASN Freddy, is yndied yn sympatike bank, dy’t ús ek hiel goed advisearje kinne soe. Mar om no dy minsken te freegjen om hjir ek soks op te setten, dat wit ik noch net. Se sille dan ek sizze: mar wy binne der ommers al, kom mar by ús. Der komt hjir fan’t hjerst ek in filiaal fan de Svenska Handelsbanken, in ferstannige bank omdat se al inkelde tsientallen jierren lyn besletten hawwe om net yn dy derivatengoarre mei te gean. Dêrtroch besteane se net allinnich, mar kinne ek noch útwreidzje. Mar sa’t ik sei: it giet my derom dat der hjir yn Fryslan sels ynisjativen fan de grûn komme. Dat ynisjatyf soe bêst njonken de ASN en de SHB bestean kinne, foaral as der ek wat fan in ‘Frysk gefoel’ by komt.

  58. Finn Folcwalding augustus 3, 14:08

    Júst samenwurking yn grut ferbân op it gebiet fan Europa en de wrâld. En wolle wy ús eigen steat dan sille wy dat sels dwaan moatte. Dêrby as betinkst fansels wol dat steun oan oare folken mei as fansels deselde rjochten as wy net búten de doar te setten. Sa as in protte steaten de Amerikaanske frije folken, Tibetanen en wa net ek yn it ferdom hoekje skowe. Soene wy op deselde fuot fjirder gean as de hjoeddeistiche saneamde Steaten, dan hoecht it fan my net.

  59. Freddy Karnemelk augustus 3, 15:39

    Ik tink dat in kooperatieve bank foar de fryske
    Mienskip op it platte lan in goed idee is.
    Fersterk de economy en hald it jild yn de
    Mienskip. It soe goed weze foar fryslan.
    Wat Jo nedich ha is start kapitaal en grutte
    Groep minsken dy it begjin mei dwaan wolle.
    Derom miskien in bytsje gear wurkje mei oare
    Banken. Hjir in Engelan is ek in kooperatieve bank.
    Dy hawwe buertwinkels, fersekeringen en
    Ik wit net wat se mear dogge. Der kinst
    oandelen fan keape. Soe iets soe fan’e fryske
    Mienskip weze kinne en fersterkjend foar
    De economy en identityd wurkje kinne. Hoe
    Begjinst sawat!

  60. Finn Folcwalding augustus 6, 09:25

    @Freddy om mei in eilân te begjinnen? Dan is Boarkum ek in opsje, kin wy gelyk de reaksje fan Nederlân en Dútslân sjen oansjoen it eilân betwist gebiet is. 🙂 No ja betwist, wy witte wol better.

  61. Aage M augustus 6, 22:27

    Wat tochst fan Ingelsman Plaat of Rottummer Each

  62. Kerst Huisman augustus 7, 10:13

    De Fryske namme foar dy plaat dy’t Aage M. neamt is Kalkman. Ingelsman Plaat is oerset Nederlansk. (Engelsmanplaat)

  63. Freddy Supe augustus 7, 17:22

    No Kerst,

    Ha ik wer wat leare…. Wat is dyn idee mei
    Betrekking ta in kooperatieve bank yn Fryslan?
    Hoe gietst dat foarm Jaan?

  64. dr.P augustus 8, 17:44

    Selsbistjûr? It soe it resultaet fan in dream wêze. As dy dream útkomt rin ik fuortendaliks nei it gemeentehûs ta en helje in nij paspoart. Mar dy dream sil nea útkomme. It lêste folk op ierde dat ea selsstannich wurde sil is it Fryske folk. Soks sil ik net mear bilibje. Kolonisaesje út Hollân wei makket dy kâns elts jier lytser en dy sleauwe Friezen tinke noch altiten dat hja ea “Frysk en Frij” west hawwe.

  65. Natoerman FK/ Finn Folcwalding augustus 8, 21:35

    @dr.P; selsbestjoer, ik snap dy wol dr.P.
    Mar ús skiednis, kultuer en taal bin foar in grut diel wol bout op ús frij en ienheidsfielen.
    En ea en nea sit in hiel grut ferskil yn :P. Wy moat sa as oaren wol dien hawwe, op ús eigen fanút us âldfaars rjocht en foar de takomst fan ús neiteam tinke oan it sân generaasjes prinsipe, want neidielen fan gasboaringen lekker troch de strot en skealjegas rekkenje der mar op dat wy de pineut binne. Iensidich ûnôfhinklikheid útsprekke sa as in protte eigene folken dogge. Want by de saneamde hearskjende macht hoechst net oan te kommen. Sa as de lêtste jierren it motto is: ‘Fan ûnderen op bestjoere’. Ja as fansels falt dat fan út it eigene folk en eigene lân yn it selde reitsje.

  66. Johan Kramer augustus 8, 22:15

    Selsbesjoer!

  67. Aage M augustus 8, 22:36

    Krekt nou en hjoed de dei

  68. gidon59 augustus 9, 13:29

    it wurd heechste tiid om wer fry te syn

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.