Fryske beweging: meartalige meldkeamers

july 14, 2013 19:44

De Ried fan de Fryske Beweging wol dat de meldkeamers, dy’t tillefoantsjes krije fan minsken út Fryslân dy’t help nedich binne, yn de praktyk folslein meartalich (Frysk én Nederlânsk) wurkje kinne. De Ried (RFFB) hat dêrta, op fersyk fan boargemaster Crone sels, op in rychje setten wat dêrfoar nedich is. It brief mei de oanbefellings komt nei de reboelje dy’t der al in stikmannich kear west hat, dat nei oanlieding fan klachten oer it minne taalbelied fan de meldkeamer. It bestjoer fan de Ried hat in petear mei Crone, foarsitter fan de feilichheidsregio, hân en op in rychje setten hoe’t yn de takomst nije ynsidinten foarkommen wurde kinne.

De RFFB hat dêrby advys ynwûn fan oare helptsjinsten út oare meartalige regio’s yn Europa: it gewest Brussel, Wales en de lidsteaten België en Switserlân. Ek binne de útgongspunten fan de nije Wet Gebruik Friese taal brûkt om dúdlik te meitsjen hoe’t de meldkeamers foldwaan kinne oan in goede meartalige kommunikaasje mei de boargers. It advys komt del op trije wichtige punten foar in goed taalbelied troch de meldkeamer:

– twatalige kommunikaasje troch de helptsjinsten sels (webside, sosjale media, ensfh.)

– meartalige ‘operators’ of eventueel in meartalich karmenu; de minsken dy’t de tillefoan oannimme moatte daliks al dúdlik meitsje dat sawol Frysk as Nederlânsk praat wurde kin;

– yn de oplieding en it winnen fan nije minsken dúdlike taal-funksje-easken.

Crone sil mei it brief yn petear mei minister Opstelten, sa is tasein oan de Ried.

july 14, 2013 19:44
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Erwin 2.0 july 15, 08:09

    Prima inisjatyf! Hulde foar de Ried fan de Fryske Beweging.

  2. Cor Jousma july 15, 12:11

    Goede saak fan boargemaster Crone en de Ried fan de Fryske Beweging!

  3. Johannes july 15, 17:52

    Boargemaster Crone fan Ljouwert sil foar ús oan ‘e gong! Dat wurdt neat mei neat en sil net folle Frysk opsmite. As jo it sels net prate en mar amper geef Frysk ferstean, dan hawwe jo it tige dreech. De webside fan Ljouwert is noch net iens yn ‘t Frysk. Dêroer haw ik mei in foarljochtster fan ‘e gemeente yn ‘t petear west. Se wienen drok dwaande, sei hja. Nei in goed jier is der noch neat op ‘e hispel kaam. De webside Ljouwert.nl bestiet net iens.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.