Al mear as 130 meartalige berneplakken

july 30, 2013 21:08

Op tongersdei 4 july wie der in feest op pjutteboartersplak ‘De Tûzenpoat’ yn Terkaple. Wethâlder Jan Benedictus (FNP) fan gemeente Skarsterlân hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oan liedster Anna Baukje van der Meer oerlange. It boartersplak wurket sûnt maart 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern en hat it sertifikaat yn juny behelle. ‘De Tûzenpoat’ is de earste lokaasje fan organisaasje SKIK én de gemeente Skarsterlân dy’t sertifisearre is. SKIK hat twatalich wurkjen yn it belied fan de organisaasje opnommen. Twataligens is likegoed ek in wichtich ûnderdiel fan it VVE-belied fan SKIK en de gemeente. Op ‘De Tûzenpoat’ wurdt as folget wurke: de liedsters biede beide konsekwint it Frysk oan. It Nederlânsk kriget in plakje troch it sjongen en foarlêzen yn dy taal. Troch sa te wurkjen slút it boartersplak goed oan by de wurkwize fan de trijetalige skoalle yn Terkaple, It Twaspan.

Yn it ramt fan de sertifisearring is der op de lêste dei foar de simmerfakânsje in feest organisearre mei Tomke-spultsjes foar de pjutten en bofferkes ite mei de âlden.

Provinsjale ûnderwiisbelied

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 130 en is noch altyd groeiende.

Pjutteboartersplak ‘De Tûzenpoat’

Pjutteboartersplak ‘De Tûzenpoat’ is ûnderdiel fan de organisaasje SKIK. Dat is in organisaasje dy’t ûnder oaren pjuttewurk en berne-opfang yn gemeente Skarsterlân oanbiedt. Underwilens dogge seis boartersplakken en ien bernedeiferbliuw fan SKIK oan it sertifisearringstrajekt mei. Yn Terkaple wurdt twataligens as folget stal jûn; Anna Baukje en Wietske biede beide konsekwint it Frysk oan. Hânpop Tomke praat tiisdeis ek Frysk. It Nederlânsk kriget in plakje troch it sjongen en foarlêzen yn dy taal én troch hânpop Puk, dy’t der tongersdeis by is. Anna Baukje is yn 2012 begûn mei twatalich wurkjen en sûnt in heal jier hat Wietske har holpen.

Sertifisearring

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt by de ynstellingen del om harren wize fan wurkjen te beoardieljen.

It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en yn ryk ferskaat brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr’t dat fan tapassing is, kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.

july 30, 2013 21:08
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes july 31, 10:37

    Wie de berne opfange yn Fryslân net Frysk talich?
    It moat net mâler, dat dat yn in petear earst oan ‘e oarder komt en dan by de gemeente befêstigje wurde moat!
    Yn wat foar soadsje wenje ik hjir? Frysk wie blykber net de noarm.
    Aanst moatte wy ek noch fergunning oanfreegje op de bern op in Fryske wize te meitsjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.