‘Deade wolf dellein as grap’

july 12, 2013 00:49

De deade wolf dy’t fûn is by Luttelgeest, is dêr grif dellein as grap, seit Faunabeheer Flevoland tsjin de NOS. In pear jier lyn waard al ris in deade seehûn oantroffen yn de Flevopolder en dat wie ek betúltsjes.

Yn de omkriten fan Luttelgeest wurkje in soad East-Europeanen yn de kassen. Faunabehear tinkt dat guon fan harren by wize fan grap in yn Dútslân oanriden wolf dellein hawwe. De wolf is in skou dier, dat bang is foar minsken. Dêrom leit it net yn ‘e reden dat in wolf opdûkt yn in ridlik tichtbefolke gebiet, seit Nettie van den Belt fan Faunabehear Flevoland.

Bever yn ‘e mage
It soe ek te rêden wêze om in ienlike froulike wolf, wylst wolven yn ridels libje. Yn de mage fan it dier waard boppedat in bever fûn, wylst bevers yn de rite fan Luttelgeest hielendal net foarkomme. De wurdfierdster wiist der ek op dat nimmen de oanriding mei it dier oanjûn hat. In yn sa’n ûngemak behelle auto soe flinke skea hawwe moatte.

In boskwachter fan Natuermonuminten liet oars earder witte dat er de ôfrûne tiid faker spoaren fan in wolf miende sjoen te hawwen yn ‘syn’ bosk- en greidegebiet, dat in diel fan Drinte, de Kop fan Oerisel en de Noardeastpolder omfiemet.

july 12, 2013 00:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Natoerman FK july 12, 11:04

    Wolven kinne einen rinne. Bevers breide harren bot út de lêtste jierren. Om nije territoaria te besetten ferhúzet in ridel wolven fan 20-30 net fan in gaadlik plak samar nei in oar territoarium.
    En wolven yn de Skandinavyske lannen libje meast mei syn twaen en de jongen fan it earste jier.

    Spoaren fan wolven bin hast net te ûnderskieden fan oare hunen. Lykwols is dit wol goed te sjen yn de snie. Wolven dy folgje in spoar fan oarde bisten oft it paad fan de minste wjerstân, en bewege hiel enerzjy besparjend en de húshûn dy springt en dûnset mar wat om.

    Lykwols kin der krusingen tusken de húshûn en de wolf ûntstean mar dit is hiel ynsidinteel en dy moat der ek sa gou mooglik úthelle wurde.
    Mar as fansels in grap oft eksperimint om te sjen hoe’t de minske reagearet is ek mooglik.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.