Besykjen ta selsmoard Paris Jackson

juny 6, 2013 00:54

Paris Jackson, dochter fan de ferstoarne popstjer Michael Jackson, is nei it sikehûs brocht nei’t hja wierskynlik besocht hie harsels tekoart te dwaan. Hja wie op dat stuit thús by har famylje yn Calabasas te Californië.

Yn de melding dy’t by de alaarmsintrale ynkaam, soe sein wêze dat de 15-jier âlde Paris in oerdoasis nommen hie, mar oaren melden dat hja har yn ‘e polsen snien hie.

Marilyn Manson
Justerjûn pleatste Paris Jackson in pear kryptyske twitterberjochten, sa as “I wonder why tears are salty?” en “Yesterday, all my troubles seemed so far away, now it looks as though they’re here to stay”. In pear wike lyn sette hja in fideo-tsjet op ynternet mei de tekst derby: “Kurt Cobain is Jesus”.

Neffens har abbekaat giet it wer goed mei Jackson en kriget hja goede medyske fersoarging. “It is foar eltsenien swier om 15 te wêzen”, seit er, “en grif as men de persoan fan wa’t men it meast hâldt, ferliest”, meldt de Amerikaanske celebrity-webside TMZ.

Kunde fan de famylje seit dat Paris justerjûn in sêne skopt hie doe’t har ferteld wie dat hja net nei in konsert fan Marilyn Manson mocht. Gûlend soe hja nei har keamer draafd wêze en mei de doarren slein hawwe.

juny 6, 2013 00:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.