Manneken Pis pisset molke

juny 2, 2013 00:42

Toaid yn in blau pak en yn in wite tulbân freget Manneke Pis mear oandacht foar it belang fan molke foar Afrika. It inisjatyf om it Brusselske mantsje te ferklaaien as Afrikaanske greidboer en him molke pisje te litten, komt fan de Belgyske ngo Dieredokters Sûnder Grinzen.

Juster wie it Wrâldmolkedei. De ngo grypt it mondiale evenemint oan om te wizen op it belang fan sûne molke en syn essinsjele rol yn de striid tsjin honger en earmoede, foaral yn Sub-Sahara-Afrika. “Wylst in Belgyske ko al gau 30 liter molke deis produsearret, jout in Afrikaanske ko yn it bêste gefal twa oant trije mingel”, leit Josti Gadeyne fan Dieredokters Sûnder Grinzen út. Troch in tekoart oan wetter, foer en dieresûnenssoarch produsearje de melkkij faak minder as ien mingel. “Allinnich al troch syn fieding en sûnens te ferbetterjen, produsearret de ko dus trije kear mear molke”, sa seit er.

De ngo wol troch de wei fan ferbettering fan de sûnens fan it beslach fee en troch de lokale molkestring te stypjen, de striid tsjin honger en earmoede oangean. De organisaasje lekket it oan, dat “nettsjinsteande it feit dat de belangrykste rol om earmoed te bestriden weilein is foar greidbuorkerij” der wrâldwiid minder as ien prosint fan it offisjele budzjet foar ûntwikkelingsgearwurking nei feefokkerij giet.

juny 2, 2013 00:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.