Fryske stavering no noch net oanpast

juny 29, 2013 14:11

LJOUWERT – Der komt mear tiid om ta in goeie oplossing te kommen foar it meitsjen fan in nije Fryske staveringshifker, de standertwurdlist en feroarings yn de stavering fan it Frysk. De Fryske Akademy kaam earder yn opdracht fan de provinsje mei in foarstel hoe’t je soks oanpakke moatte en advisearre ek feroarings yn de stavering fan in tal wurden.

Neidat Provinsjale Steaten dêrmei akkoart giene, ûntstie der fûl ferset by in groep wittenskippers en skriuwers. De feroarings soene tefolle fan boppe ôf oplein wurde. Derom nimt deputearre Jannewietske de Vries no mear tiid.

De Vries sei freedtejûn op in diskusjejûn oer de nije stavering wol ta dat der foar 1 oktober in nije staveringshifker komt, omdat benammen it ûnderwiis dêr ferlet fan hat. Dy staveringshifker wurdt dan folle mei de besteande wurdlist sûnder feroarings yn de stavering. De diskusjejûn yn sealesintrum It Aljemint loek sa’n hûndert minsken. Under harren wiene Fryske skriuwers, minsken út it ûnderwiis en ek fertsjintwurdigers fan de politike partijen yn Provinsjale Steaten.

(Boarne: Omrop Fryslân)

juny 29, 2013 14:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Frâns Kuipers juny 30, 23:09

    Hiel goed dat de provinsje beslút om de standert fryske taal foarearst sa te litten. Ek hiel goed dat de staveringshifker oanpast wurdt oan de nijere ferzjes fan Word en hegere Windowferzjes. Sels stie ik yn 2005 oan de widze fan de staveringshikfker op de kompjûter, wêrtroch elkenien goed Frysk skriuwe kin. Taalsintrum Polderland fan de KUN hat dit doe makke.
    D’r is doetiids ek in Bernetaalhelp ûntwikkele – foar in grut part betelle troch de Ljouwerter mei Rimmer Mulder as oanjeier. It ûnderwiis kin sa op in goede manier bern leare Frysk te skriuwen. Útwreiding fan de staveringshifker mei mear (nije of ynboargere) wurden, sa as no besletten is, is dus HIEL GOED!!! Hulde oan deputeare Jannewietske de Vries en oan de Steaten dy’t goed harkje wolle nei al dyjinge dy ‘t skreppe om it sa te litten sa at it no is!!
    Frâns Kuipers, Surhústerfean (Earder Steatelid fan 1992-2007 foar it CDA)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.