‘Fergunning V.d. Vlis flater’

juny 6, 2013 01:46

Tristan van der Vlis krige syn wapenfergunning troch in strukturele flater fan it polysjekorps Hollands-Midden, sa berjochte de NOS juster.

Van der Vlis skeat op 9 april seis minsken en himsels dea yn winkelsintrum De Ridderhof yn Alphen a/d Rijn.

De omrop seit foar in part yn it besit te wêzen fan in rapport dêr’t yn stiet, dat it korps fersomme hat om guon prosedueres te folgjen en in minne ynterne kommunikaasje fierde. De befinings yn it rapport komme fan de Ryksresjerzje.

Bysûndere Wetten
Neffens it rapport wie fêstlein dat meiwurkers fan de ôfdieling Bysûndere Wetten sels yn de polysjesystemen om ynformaasje oer oanfregers sykje moatte. Dy rjochtline wie lykwols net by eltsenien bekend en waard ek net altyd opfolge, ek net yn it gefal fan Van der Vlis.
It nijs komt nei bûten ta op de dei dat abbekaten fan de neibesteanden de polysje foarroppen hawwe. Neffens harren soe de polysje ek oanspraaklik wêze, om’t Van der Vlis ûnrjochtlik in wapenfergunning krige hie.

Flaters
Neffens de wurdfierder fan it IM is de ynformaasje oer Van der Vlis yn alle gefallen trochstjoerd nei de skôger. Om hokfoar ynformaasje oft it krekt gie, is net mear te efterheljen. De wurdfierder skikt yn dat de polysje flaters makke hat.

Letselskea-abbekaat John Beer ferklearret foar de NOS oer, dat ‘it rapport fan de ryksresjerzje oant yn detail oanjout hoe’t der ferkeard hannele is yn de hiele proseduere’. Neffens him smyt it ûndersyk in hiel oar ljocht op de oanspraaklikens fan it korps. Beer wie net fuort berikber foar in taljochting.

juny 6, 2013 01:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.