Taalwet woansdei yn Keamer

maaie 26, 2013 22:03

twadde_keamerDe Twadde Keamer praat woansdeitejûn om 20.15 oere oer de ‘Wet gebruik Friese taal’. De wet regelet de posysje fan it Frysk as twadde rykstaal en befestiget dat Friezen yn Fryslân altyd it Frysk brûke meie by de oerheid en de rjochtbank. It giet om in wetsfoarstel fan âld-minister Donner, dat no troch syn opfolger Plasterk ferdigene wurde sil. De wet regelet net de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis en yn de media. Guon politike partijen hawwe dêrom al oankundige dat se omtinken freegje sille foar de posysje fan Omrop Fryslân. De posysje fan de omrop komt de kommende jierren mooglik fierder ûnder druk te stean as der op ‘e nij miljoenen besunige wurde moatte troch de publike omroppen. De Twadde Keamer frege steatssiktaris Dekker earder al rekken te hâlden mei de bysûndere posysje fan de iennichste Frysktalige omrop.

Boarne en tekst: Omrop Fryslân

maaie 26, 2013 22:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.