Jonkje fan 5 jier rêdt heit

maaie 17, 2013 00:05

Nathaniel en syn heit wiene tegearre op stap. Hja wienen nei de film west en hiene nije skuon kocht foar op skoalle. Op it paad werom krige syn heit in oerhaal. Hy slagge der noch yn de auto oan de kant te setten, mar dêrnei wie hy oanwiisd op it hanneljen fan syn soantsje.

Mei de mobyl fan syn heit skille Nathaniel syn pake, dy’t út alle macht besocht te efterheljen wêr’t de beide mannen wiene. ‘It wie hiel betiizjend en yslik,’ neffens Susan Hardy-Blackman oan Today.com.

Drege namme
Nathaniel syn mem waard ek by it petear helle. It jonkje besocht te fertellen wêr’t hy wie, mar hy hie muoite mei it útsprekken fan de namme fan de winkel dy’t hy seach. De mem frege it jonkje de namme te staverjen. ‘F-U-R-N-I-T-U-R-E’, klonk it, folge troch 22. Hy fertelde der ek by, dat hja krekt tefoaren troch in lange tunnel  wiene riden.

Lang om let koene de twa op basis fan de oanwizings gau fûn wurde. De 33 jier âlde Dancy Sr. leit noch op de yntinsive soarch. “Hy fjochtet noch foar syn libben, hy waard krekt op ‘e tiid rêden.”, neffens de mem Janel Blackman. Hja fynt har soantsje in held. Nathaniel is de jongste fan fiif en sit noch op de beukerskoalle. Neffens syn learaar is hy hiel tûk foar immen fan syn jierren en kin er hiel goed staverje….


Nathaniel Dancy Jr. fan 5 jier út New Jersey hat it libben fan syn heit Dancy Sr. rêden, neidat hy in oerhaal krige wylst hja yn de auto sieten. Senior slagge it noch om de auto oan ‘e kant te setten. Nathaniel skillet syn pake en jout harren lokaasje op troch dy te staverjen.
Nathaniel.© Videostill YouTube.

maaie 17, 2013 00:05
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. pyt maaie 17, 12:32

    Geweldich fan dat jonkje!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.