Folkslieten en Flaggen

Maaie 1, 2013 17:23
Ik sit dizze moaie maitydsdagen mear yn ‘e tún as yn ‘e krante en sa is ferline wike de hiele strideraasje oer it Keningsliet dan ek fierhinne oan my foarby gien. Dat it Nederlânske folk it oer it liet – hokker dan ek – net iens wurde soe, hienen jo fergif op ynnimme kinnen.
Wat my wol opfalt, is dat it “Wilhelmus” dizze dagen, ek mei it each op 4 en 5 maaie, ‘sûnder kleanskuorren’ der ôf skynt 

te kommen. Goed begripe: ik bin foar it keningshûs en hâld fan tradysjes. Ik ergere my 
dan ek faak oan guon fuotballers, dy’t ús folksliet net meisongen. 

Mar ik bin dêr sa stadichoan oars oer begûn te tinken. Nederlanners mei in bûtenlânske eftergrûn (Rotterdam skynt allinne al 127 nasjonaliteiten te herbergjen!) hawwe neat mei ús Wilhelmus, dêr kin gjin “canon” wat oan feroarje ! Dat “van Duitse bloed” haw ik oars ek nea mei ynmoed sjonge kinnen en jo sille as Marokkaan mar galmje moatte, dat jo de kening fan Spanje altyd eare hawwe. Hoe moai as liet, it is krekt as it Ingelske, te folle op ien persoan rjochte, hoe wichtich oft dy ek foar ús lân west hat. In goed folksliet moat jo regelrjocht yn it moed taaste en jo grutskens op lân en folk besjonge. Wat dat oanbelanget hawwe de Limboargers en de Friezen in folle trefliker liet. Mar it is wier: wy kinne de âlde Nederlânske hymne “Wie Neêrlands bloed door de aderen vloeit, van vreemde smetten vrij” net wer fan stâl helje.

Ek hokker flagge – de Nederlânske of de Fryske – op 30 april hearde te wapperjen, skynde al gjin probleem te wêzen (of it moast wêze, dat dat ferdealde túch yn myn tún my it sicht dêrop ek al benommen hie.) En hoe sit dat mei 4 en 5 maaie? Der binne nammentlik Friezen, sels yn dizze kontreien ferneamde FNP-ers, dy’t fan betinken binne, dat jo de Fryske flagge net by alle gelegenheden brûke meie, bygelyks net op 4 maaie mei de deadebetinking. Ik begryp dêr neat fan!
De hjoeddeiske Nederlânske flagge is fan orizjine de flagge fan it Frânske Prinsdom Orange (Oranje, blanje, bleu), dy’t Prins Willem meinommen hat hjirhinne en troch de Geuzen as in soarte fan pirateflagge brûkt waard by harren striid tsjin de Spanjerts. Dy ‘tricolore’ hat doe stadichoan ús lânseigen flaggen ferkrongen, sa ek de Fryske Flagge. Dy wie al yn it jier 1000 fertroud. Om’t de 7 pompeblêden stienen foar de 7 Frije Fryske (See)lannen, sil er hjir ea yn Noard- en West Nederlân ek wappere ha.
Dy flagge is dus, yn tsjinstelling ta de “Princevlag”, wol fan Nederlânske orizjine. Dêrom is ús Fryske Flagge ús bêst genôch, wat sis ik: de bêste, om by alle gelegenheden út te stekken, ek de kommende betinkingsdagen.
G.Z.
Maaie 1, 2013 17:23
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Ferjo Maaie 1, 17:36

    de 7 pompeblêden stienen foar de 7 Frije Fryske (See)lannen, sa as ea yn Noard- en West Nederlân wappere hat. Boppedat hie/hat 7 ek in betsjutting fan in soad, sa’t ik dat ergens lêzen ha. Dus it kin ek foar mear stean/stong hawwe.

  2. Peter Hans van den Muijzenberg Maaie 1, 23:55

    Wat “jo” mei, dêrfan haw ik gjin idee.

    Mar de Fryske flage kin yndie net by alle gelegenheden brûkt wurde. Benammen kin dy net brûkt wurde foar it om utens fertsjinwurdigjen fan de Nederlânske nasjonaliteit. Ambassadeurs, konsuls, skippen, moatte dêr de Nederlânske flage foar brûke. Fierders is der foar ryksgebouwen in flageynstruksje, mei dagen dat de Nederlânske flage út moat. Dat is it dan sa’n bytsje.

    Lykwols binne der al sitewaasjes dêr’t de boadskip fan in Fryske flage oars is as dy fan in Nederlânske: By in betinking fan Willem de Dryste fan Hollân soe in Fryske flage net as in posityf boadskip sjoen wurde. In Nederlânske flage op Fryske Befrijingsdei docht wat nuver oan; Nederlân wie doe ommers noch net hielendal frij. Oarsom leit in Fryske flage op in nasjonale flagedei mear klam op Fryslân.

    Op it lêst is it de flage-eigner dy’t kieze moat of klam op Fryslân gear kin mei de betsjutting fan in nasjonale flagedei.
    PHM

  3. Kerst Huisman Maaie 2, 23:12

    Byleaven! Moatte wy ús no op de site fan de Ried fan de Fryske Beweging drok meitsje oer it sjongen fan it Wilhelmus en it flaggeprotokol!? Ik wurd dêr net goed fan. Wat in lakeiengedrach siz!

  4. Johannes Maaie 5, 22:02

    Ik haw mar ien flagge: DE FRYSKE FLAGGE en dêr flagje ik altiten mei.
    Is der wat oars yn Fryslân?????

  5. Bertus Jans Postma Maaie 6, 20:00

    Op hollânske befrijingsdei sei dûmnyske yn tsjerke, dat wy it hollânske folksliet sjonge soene – om krekt te wêzen: it Wilhelmus, of sokswat. De oaren hawwe sadwaande dat Wilhelmus dus songen. Mar ik krige gjin gelegenheid om ús eigen folksliet te sjongen! It is wakker ûngelyk ferdield yn ‘e wrâld. Quod licet Jovi…

  6. Peter Hans Van den Muijzenberg Maaie 22, 23:08

    Dat wie grif om’t 15 april dat jier (2013) op in moandei foel, dat net op in dei dat dûmny der eat fan sizze koe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.