Wetterskipsbelesting wurdt heger

april 29, 2013 00:27

LJOUWERT – Troch ekstra ynvestearings fan Wetterskip Fryslân nimt de wetterskipsbelesting ta. It wetterskip moat miljoenen mear meibetelje oan it opheegjen fan diken en kaden. It deistich bestjoer wol noch foar de simmer yn byld bringe wêr’t op besunige wurde kin en dêroer prate mei it algemien bestjoer. Mooglikheden binne effisjinter wurkje, útbesteegje fan taken en hegere wetterskipslesten. De ôfrûne twa jier hat it wetterskip al 3,6 miljoen euro besparre op kosten, sa blykt út de jierrekken fan 2012.

(Tekst en ôfbylding: Omrop Fryslân)

april 29, 2013 00:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.