Provinsjale Steaten wizigje Fryske stavering

april 25, 2013 12:04

LJOUWERT – Sûnder grutskalich omtinken fan de media hawwe Provinsjale Steaten woansdei de offisjele staveringsregels foar it Frysk wizige. Alle oanwêzige Steateleden stimden foar de wiziging.

Oe / û

De opfallendste fernijing is te sjen by de skriuwwize fan de û/oe. Koarte en lange û-lûden wurde tenei skreaun as ‘oe’ as dat ek bart yn de Nederlânske oersetting fan in wurd en yn de doetiid fan tiidwurden. Yn oare gefallen wurde se as ‘û’ skreaun. Dat betsjut dat in stikmannich wurden tenei oars skreaun wurde moatte. Foarbylden fan de nije skriuwwize binne:

spûk (earder ‘spoek’)
foeterje (earder ‘fûterje’)
útnûgje (earder ‘útnoegje’)
toefe (earder ‘tûfe’)

Telefyzje

Yn in stikmannich wurden feroaret in ‘v’ of ‘z’ yn in ‘s’ of ‘f’, bygelyks yn:

telefyzje (earder ‘televyzje’)
ynfalide (earder ‘ynvalide’)
refyzje (earder ‘revyzje’)

20e iuw

De skriuwwize ‘ieu’ wurdt ferfongen troch ‘iuw’, bygelyks yn:

Siuwsk (earder ‘Sieusk’)
20e iuw (earder ’20e ieu’)

Fryske Akademy

De wizigings binne trochfierd op advys fan de Fryske Akademy. Dy is op fersyk fan de provinsje dwaande mei in staveringslist, it saneamde ‘Fryske Griene Boekje’. Dêryn komme hast alle Fryske wurden yn de korrekte skriuwwize te stean. De makkers kamen der lykwols efter dat guon saken oars yn de wurdboeken en learboeken steane as dat se neffens de offisjele regels moatte soene. Se hawwe dêrom in útstel dien foar ienfâldigere regels.

Mooglik mear wizigings yn 2014

De Fryske Akademy hat de Steaten derfoar warskôge dat der by it meitsjen fan de staveringslist mear ûndúdlikheden boppe wetter komme kinne. De Steaten hawwe dêrom woansdei ja sein tsjin de útstellen fan de Akademy, mar se hawwe de mooglikheid iepen holden om nei de oplevering fan de list noch oars wizigings yn de offisjele stavering troch te fieren. De list wurdt ein 2013, begjin 2014 ferwachte. De wizigings dy’t woansdei goedkard binne en de wizigings dy’t noch komme wurde neffens de hjoeddeiske plenning allegear tagelyk rjochtsjildich. Dat sil begjin 2014 wêze. Amtners en ûnderwizers binne fan dan ôf ferplichte om de nije regels te brûken.

Klik hjir om it beslút fan Provinsjale Steaten te lêzen.
Klik hjir om it advys fan de Fryske Akademy te lêzen.

april 25, 2013 12:04
Skriuw in reaksje

18 opmerkingen

  1. Sigrid april 25, 15:00

    Wat in ûnsin om dat sa sûnder oan te kundigjen te feroarjen. Ast wolst dat netien dalik mear goed Frysk skriuwst, dan moatst foaral soksoarte dingen betinke. Spûk is dochs in stavering fan neat? Elkenien seit it mei in lange oe. Is der ek in plak dêr’t protest oantekene wurde kin?

  2. X. april 25, 15:26

    Ik fyn it ek mar near, mar wat hat de lingte fan de klank dermei te meitsjen?

  3. André Looijenga april 25, 16:30

    Ik diel Sigrid har miening dat se der gjin goed oan dien hawwe om dizze offisjele staveringsferoaring sûnder dúdlike foaroankundiging troch te fieren. It is, om sa te sizzen, “stikem” bard, wylst yn it publyk hast gjinien him der iepenlik oer bekroade.

    Wat de details oangiet: it ûnderskied tusken “oe” en “û” hat neat (mear) mei de lingte te krijen. Spoek/spûk is bgl. sawol mei in lang as mei in koart lûd te hearen.

  4. Ferjo april 25, 16:54

    jawis, oe/û net alles hoe’t maklik makke te wurden en wy moat al hielendal net rekening hâlde mei de Nederlânske stavering, dan kin je noch better nei de noarske talen sjen. Neffens my. Mar goed iuw slacht ek al hielendal nergens op. Sjoch: hjir kin ik wol ynkomme. fan v nei f. hjir siet ik neffens my wol iens mei, mar goed dat is smaak.
    telefyzje (earder ‘televyzje’)
    ynfalide (earder ‘ynvalide’)
    refyzje (earder ‘revyzje’)

  5. Wolter april 25, 18:16

    By de Friezen kinst ivige behâldsucht ferwachtsje. Dêrom grut respekt foar de Fryske Akademy en de Provinsje!

  6. Cornelis van der Wal april 25, 19:10

    Sa’t ik ek al by ensafhPUNTnl skreau:

    Ik begryp wier net wêr’t dy wiziging foar nedich wie. Wierskynlik wie it wurkferskaffing… Hat de Akademy neat betters te dwaan?

    De stavering moatte jo sa folle litte sa’t er is, om oars ‘âlde’ boeken dreger te lêzen binne foar de takomstige lêzer.

    Ik doch der net oan mei!

  7. Cornelis van der Wal april 25, 20:46

    Sa folle mooglik, bedoelde ik

  8. Lútsen april 25, 22:02

    It is grif in aprilgrap.

  9. Lútsen april 26, 11:55

    Ik sil de fierdere feroaringen earst mar ôfwachtsje. Ik hoopje al dat dêr in heldere útlis by komt, want wat ik hjirboppe lês hat foar my gjin eigenskip – makes no sence to me. Der stiet: koarte EN lange oe-lûden wurde tenei ‘oe’. Hâldt dat yn dat it tenei wurdt: oender de groen foen ik in doebeltsje? En hoe skriuwe wy dan tenei it ôfgeande oe-lûd lykas yn ‘oerstjoer, goed, foet’?

    By ‘iuw’ binne de hearen fan de Akademy hielendal op ‘e doele. Al dy wurden mei ‘iuw’ lykas ‘skriuwe, bliuwe, wriuwe, driuwe krije de klam op de ‘u’ en net op ‘i’. By ‘Sieusk’ en ‘ieu’ leit er ommers op de ‘i’. Feroarje it dán leaver yn ‘Syuwsk’ en ‘yuw’. Mar dan doocht it nóch net, want ‘Sieusk’ hat in ôfgeand trijelûd en ‘ieu’ in koart twalûd. O, o, hoe sil dit komme?

  10. Lútsen april 26, 12:52

    Okee, ik haw it no echt goed lêzen: ûnder de grûn fûn ik in dûbeltsje bliuwt sa’t it wie. Bliuwt oerein, datst net sjen kinst wannear’tst in koarte of lange û sizze moatst. Lestich foar net-Frysktaligen. Hawar.

  11. pyt april 26, 13:33

    As Noardklaai-Fries sis ik bljoouwe (bliuwe) ens. Dus no tenei Sjoouwsk, 20e joouw ?
    Staveringen moat men net feroarje.

  12. mbc84 april 26, 17:50

    ik bin ek beslist net wei fan staveringswizigings, dy fan 1980 is in griis bygelyks. Stavering is altiten dreech en der is oeral wol wat fan of oer te sizzen. Wy kinne ek kieze foar de Afrikaanske styl, dy’t sawat folslein fonetysk is en dêr’t suver elts lûd mar op ien manier skreaun wurde kin (ek wag, nag, outomaties, lughave foar ik wachtsje, nacht, automatysk, fleanfjild). Saak is dat der foldwaande ûnderwiis wêze moat sa’t it gewoan wurdt om Frysk te skriuwen, hjir sit him de kruks. At Ingelsktaligen, Deensktaligen en Frânsktaligen harren taal ek skriuwen leare kinne, kinne ek Friezen harren taal skriuwen leare. Útgongspunten lykas “we skriuwe sus en sus om’t it yn it Nederlânsk sa en sa is” lykje ek nearne op, it lit mar wer sjen wêr’t it probleem leit… Dy 300 miljoen dy’t frijkommen is fan de ferkeap fan NUON, ik wist wol wat der mei barre moast!

  13. Lútsen april 27, 16:24

    @Pyt, in standerdisearre – dêr’t ik sa’n wurd om sis – taal heart ek in normearre útspraak by. Mar der is by myn witten noch gjin standertútspraak fêstlein. Yn Hylpen sizze se (noch) blie-uwe, ik sis blj-úwe of bl-joewe en oaren (jo) sizze fan blj-owe. Jo útspraak is de jongste en dy fan Hylpen de âldste. It aksint, de klam is troch de ieuwen hinne nei efteren skood. Yn it nijste wurdboek wurde de ‘iuw’ en ‘eau’ lykslein ta ien ‘joo-lûd’. (Ik haw it oer it fonetyske skrift tusken heakjes) Faaks skriuwe wy skielk dy lûden ek gelyk:: Moatst in brief skriowe, skriowde hy. Och, en wêrom ek net. Mar dan moat dy ‘eaun’ ek fuort mar meiferoarje yn ‘eon’. No sa, ik haw skreon.

  14. Dinie Postma april 29, 14:00

    Minderheidstalen feroarje is freagje om in stille dea

  15. Jan Sybrens maaie 2, 09:43

    De gekte om hieltyd de stavering te feroarjen slacht blykber oer fan Hollân nei Fryslân.

  16. Jan Sybrens maaie 2, 09:56

    …..as dat ek bart yn de Nederlânske oersetting fan in wurd…..
    Wy moatte dus blykber in frjemde taal behearskje om ús eigen taal skriuwe te kinnen.

  17. Anita maaie 8, 17:01

    Bietsje doelloas. Ik fyn it hoe at it no is best genôch! Ik fyn it altiid wol moai at alles begjint mei in s en in f. Net alles feroarje at it sa wol goed is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.