Plysje slacht Katalaanskpratende muzikant
Resint ferskynd
FALENSIA – De Katalaanske muzikant Miquel Gironés hat in oanklacht yntsjinne tsjin de plysje fan Falensia. Gironés waard útskeld en slein troch in pear plysjes, om’t er Katalaansk tsjin harren prate. Yn Spanje is Gironés bekend fan de band Obrint Pas, dy’t benammen linkse, antyfasistyske en antyrasistyske ferskes makket.
Op 23 maart hie Gironés yn Falensia in ôfspraak mei in sjoernalist, dy’t him in fraachpetear ôfnimme soe. Doe’t er út ‘e auto stoep, liet de muzikant syn mapke mei papieren falle. Dy stoden oer de dyk. Op dat stuit ried der in plysje-auto lâns. Dy hold ho. Ien fan de plysjes frege Gironés oft er tocht dat de strjitte in jiskefet wie. De muzikant bea syn ûntskuldigings oan en sei dat it in ûngemak wie. Dat die er yn it Katalaansk. Yn Falensia is it Katalaansk in offisjele taal en boargers hawwe it rjocht om yn dy taal mei de oerheid te kommunisearjen.
“Praat Spaansk, ferdomme!”
De plysjes seinen doe yn it Spaansk dat Gironés Spaansk prate moast. Dat wegere er. Hy moast syn identifikaasje sjen litte en de plysjes woenen syn auto trochsykje. Doe’t Gironés de fragen fan de plysjes net yn it Spaansk, mar yn it Katalaansk beandere, raasde ien fan harren neffens de muzikant: “Praat Spaans, ferdomme!” Doe sei de muzikant dat er syn abbekaat skilje soe. Nei syn sizzen waard er doe yn de plysje-auto treaun en yn it gesicht slein. De plysjes soene him útskeld ha foar ‘drek’ en ‘baarch’ en se soene syn Katalaanske klean en syn taal leechlein hawwe.
Brutsene kakebonke
Gironés moast de nacht yn in sel op it plysjeburo trochbringe. De oare deis waard er frijlitten. Syn húsdokter konstatearre dat er in brutsene kakebonke hie. Gironés klaget de plysjes no oan foar mishanneling, ûnwettige opsluting en bedriging.
Oars as yn Kataloanië, dêr’t it Katalaansk in hege status hat, funksjonearret it Katalaansk yn de dielsteat Valencia mear as dialekt. De Spaanskpraters sjogge der gauris op del en de stipe foar de taal is beheind. Dochs is it Katalaansk der in offisjele taal en de oerheid moat minsken tastean om him te brûken. De Katalaanske bewegingsorganisaasje ACPV hat Gironés yn syn juridyske striid stipe tasein.
Geweld fan plysjes tsjin sprekkers fan minderheidstalen komt yn Spanje geregeldwei foar. It is belied yn Spanje dat leden fan de nasjonale plysje bûten harren eigen wengebiet stasjonearre wurde. Dêrtroch wurkje der yn de Katalaansktalige gebieten in protte plysjeminsken dy’t allinne mar Spaansk kenne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje