Obama: ‘Guantánamo moat ticht’

april 30, 2013 19:04

De Amerikaanske finzenis yn Guantánamo Bay moat ticht. Dat hat de Amerikaanske presidint Barack Obama hjoed op in parsekonferinsje te witten dien. Neffens de presidint is it detinsjesintrum net doelmjittich en kin it net ivich yn gebrûk bliuwe.

Yn it sintrum yn in Amerikaanske legerbasis op Kuba hâldt de Amerikaanske oerheid sûnt 2002 sûnder proses minsken finzen dy’t fertocht wurde fan terrorisme. Der is al tachtich dagen in hongerstaking yn in sintrum oan ‘e gong. Obama sei dat er net wol dat de hongerstakers deageane. Fierder sei er: “Ik bliuw derby dat Guantánamo ticht moat. It is wichtich dat wy begripe dat Guantánamo gjin betingst is foar de feiligens fan Amearika. It is djoer en net doelmjittich.” De presidint sei dat er fannijs besykje soe om it Amerikaanske kongres fan de needsaak fan sluting te oertsjûgjen.

april 30, 2013 19:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.