Meartaligens net min foar autistyske bern

april 30, 2013 16:38

Hjoed wurdt de jierlikse moanne fan it autisme ôfsletten. Om’t autisten gauris muoite mei taal hawwe, twivelje âlden der wolris oan oft it wiis is en bring harren mei twa of mear talen grut. Ferskate stúdzjes litte lywols sjen dat dat gjin probleem hoecht te wêzen.

Der binne sa stadichoan hiel wat ûndersiken dy’t de foardielen fan meartaligen sjen litte. Der binne ek in pear ûndersiken nei de taalûntwikkeling fan autistyske ien- en meartalige bern. In foarbyld is in ûndersyk fan Tamar Kremer fan de universiteit fan Kalifornië. Hja hat ûntdutsen dat âlden der faak foar kieze om autistyske bern net oan te sprekken yn in minderheidstaal, om’t se benaud binne dat it bern twa talen net oan kin. It gefolch is dat it bern him slim isolearre fielt, want de âlden prate ûnderling en mei bruorkes en suskes in oare taal as mei him. Boppedat krige it bern allinne mar in taal oanbean dêr’t de âlden minder maklik yn praten. In ferslach fan it ûndersyk stiet online: link.

Twa resinte ûndersiken litte sjen dat autistyske bern gjin lêst hawwe fan meartaligens. In ûndersyk fan Jill Petersen en har kollega’s fan de universiteit fan Britsk Kolumbia út 2012 lit sjen dat twatalige autistyske beukers mei Sineesk en Ingelsk as memmetaal likefolle Ingelske wurden koene as ientalige Ingelske bern. Neist dy Ingelske wurden wisten se ek noch in soad Sineeske wurden. Boppedat lei harren IQ justjes heger as dat fan de Ingelsktalige bern. In gearfetting fan it ûndersyk is hjir te finen: link.

In oar ûndersyk nei de ûntwikkeling fan autistyske bern is yn 2012 útfierd troch de Kanadeeske ûndersiker Catherine Hambly en Eric Fombonne. Se hawwe ûntdutsen dat de wurdskat fan meartalige autistyske bern yn de mearderheidstaal net ôfwykt fan dy fan ientalige autistyske bern yn dy taal. Se seagen wol dat de sosjale ûntwikkeling fan autistyske bern stadiger ferrûn as se net fan de berte ôf mei de minderheidstaal konfrontearre waarden. In nije taal yn it libben fan de bern wie in boarne fan betizing, sa die bliken. Autistyske bern dy’t de minderheidstaal lykwols fan jongs ôf hearden, ûntjoegen har sosjaal mei deselde snelheid as ientalige autistyske bern. In gearfetting fan it ûndersyk stiet online: link.

 

april 30, 2013 16:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.