Jostiband Orkest spilet mei André Rieu

april 4, 2013 23:16

It Jostiband Orkest is troch André Rieu útnoege om dizze simmer mei te spyljen yn twa ôfleveringen fan syn rige Vrijthofkonserten yn Maastricht. Rieu hat de band persoanlik útnoege, streekrjocht út de studio fan De Wereld Draait Door wei, dêr’t hy syn Kroningswals taljochte hat. Lyan wie twa wiken lyn troch André Rieu op de hichte steld fan syn fersyk. It Jostiband Orkest en André Rieu binne gjin frjemden fan inoar: yn 2006 hawwe hja al ris tegearre spile.

In ferrassing
Mei spanning sieten de Josti-orkestleden juster yn it oefenlokaal fan de Jostiband. Dat der in ferrassing komme soe, hie Lyan Verburg al ferteld, mar wa’t it is? “Hy hat in lang wyt burd”, pleaget hja. Mar dêr leauden de Jostileden neat fan. Under de safolste werhelling fan Hallelujah seit Lyan, dat de leden gewoan trochspylje moatte, sels as soe Máxima deryn komme. Dan wurdt it riedsel oplost: de ferrassing is André Rieu. Sûnder wyt burd, mar wol mei reade jas.
Wolle jimme mei my optrede op it Vrijthof? Foar tsientûzen man en dat dy bylden de hiele wrâld oergeane? In helsk leven brekt los. Roffels op de drums, klinkende bekkens, gejûchhei, der wurdt klapt, der wurdt roppen. Ik moat derfan gûle”, moat Theo it orkest tajaan.

Hallelujah
Rieu set syn muzikanten fuort oan it wurk. Hy wol Hallelujah noch wolris hearre. It orkest toant syn profesjonaliteit en spilet it stik fol entûsjasme en mei oerjefte. “Triennen yn myn eagen”, bekent Rieu, dy’t dêrnei noflik meisjongt mei it Slavekoar. Under it Limburchsk folksliet nimt hy it oer fan Lyan. “Stadiger, fólle stadiger!” De earste repetysje is koart, mar der folgje mear. “Ik wol de hiele wrâld sjen litte wat jimme kinne.” Neidat er fuortgien is, komme der fragen: “Wêr moatte wy sliepe, wa geane allegear mei?”
It antwurd op de fraach wêrom’t it Johan Straussorkest mei de Jostiband mei-inoar spylje wolle is neffens Lyan ienfâldich. Jimme meitsje krekt as André Rieu en syn band muzyk dy’t rjocht út it hert komt.

Ofbylding fan de Twitter fan de Jostiband Orkest
In frije oersetting fan in artikel út Ad Groene Hart
Skreaun troch Paul Opdam

april 4, 2013 23:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.