It Nijs.nl yn ‘t nij.

april 1, 2013 21:05

Op inisjatyf  fan de Ried fan de Fryske Beweging is sûnt 2009 de ûnôfhinklike ynternetkrante It Nijs.nl yn ‘e loft. Meindert Tjerkstra is de man fan de earste oere; hy hat mei grut entûsjasme foarm jûn oan de krante. Mei ynset fan in grut tal frijwilligers is de ynternetkrante útgroeid ta in unike formule.

Frysktalich nijs fan oer de hiele wrâld mei in grut ferskaat oan rubriken. Nijs, dat net beynfloede is troch eigen oardiel of foaroardielen en dêrnjonken djipper yngiet op aktuele saken, nijs mei mear eftergrûnynformaasje. Mar der is ek romte foar de eigen miening/opiny. Ûnder elts berjocht kinne jo fuortynienen reagearje.

De nije Nijsredaksje hat grutte wurdearring foar Meindert syn krewearjen foar de Ried fan de Fryske Beweging en It Nijs.nl. Meindert moast it ôfrûne jier lykwols troch oare drokte in grut part fan syn ynset dellizze. Dêr is alle begryp foar!

Sûnt it begjin fan 2013 is de koördinaasje fan it skriuwen foar It Nijs.nl oergien nei my, Kees van der Beek. ‘Nije biezems feie skjin’, seit it sprekwurd. Lit it dúdlik wêze: It Nijs.nl wie út noch yn net ‘smoarch’! Mar ik sjoch mei oare eagen en haw sa myn eigen ideeën oer hoe’t wy mei-inoar fierder geane.

Sa is it technysk behear oergien nei it ynternetburo Haboes yn Amsterdam. (Haboes is in oar wurd foar ‘sûnens’ yn de sin fan ‘tsjoch’– de oprjochter fan it buro – Thomas – is fan hûs út in Fries en mei syn technyske fernimstigens wol hy graach wat foar de Fryske saak dwaan – ik bin der bliid mei!) Thomas en syn freondinne – Linda – binne sûnt in pear wike drok dwaande mei oanpassings fan de side. Sa hat Linda it kopke fan It Nijs.nl in nij antlit jûn: in kreas pompeblêd mei dêryn ferwurke de wrâld. Foarhinne wie it net dúdlik hoe’t jo streekrjocht kontakt meitsje kinne mei de redaksje – no wol. De kommende wiken sille mear oanpassings dien wurde.

Ik hoopje dat jimme mei likefolle nocht en wille trochgeane mei it lêzen fan It Nijs.nl. Meitsje oare Friezen ek entûsjast en ha jo niget oan it skriuwen fan Frysktalige artikel(tsje)s, stjoer dy dan tenei nei it redaksje-adres:

ynfo@itnijs.nl

Tip ús mei nijs, kollums, gedichten, proaza, ferhalen en/of foto’s

Kees van der Beek

april 1, 2013 21:05
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Erwin2.0 april 2, 22:37

    Gjin revolusjonêre feroaringen… De redaksje wol de konservativo’s fansels ek te freon hâlde… 😉

  2. Johannes april 3, 11:58

    De wrâld yn in pompeblêd is tige nijsgjirrich. It seit wat oer it Fryske nijs, dat yn ‘t fermidden fan dizze wrâld stean moat.
    Feroarings yn it iten smakket foar eltsenien lekker.
    It antlit fan It Nijs feroaret nei wiis, der sit in wiisnoas yn ferwurke en dat sil in skoftke fertuten dwaan, oant der wer in oare earne oer gear giet.
    It Frysk is in libbene taal en bliuwt altiten, mar graach net sa linich as se by Omrop Fryslân it dogge.

  3. Anonym april 4, 09:41

    It Nijs is altiten in wichtige boarne fan ynformaasje oer Fryske saken foar my, net allinnen wat de aktualiteit yn Fryslân oanbelanget, mar ek foar mieningen en analyses.

    Rolf Bremmer
    Bûtengewoan heechlearaar Frysk
    Universiteit Leiden

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.