Hâld op mei dy Standertwurdlist!

april 27, 2013 18:35

In Standertwurdlist, bêst, as dy net mear docht as de staveringsregels yllustrearje. Mar wy krije no fan de Fryske Akademy in boekje dat net allinne in yllustraasje foarmet fan de staveringsregels, mar dat ek fertelle wol hokker dialektfoarmen wol en net goed Frysk binne. It gefolch is dat staveringshifkers aanst “gyng” en “gong” ferfange wolle troch “gie” en dat “romte” “rûmte” wurde moat. Dat is ûnwinsklik en boppedat is der gjin wetlike basis foar. Ik sil dy twa saken hjirûnder taljochtsje.

Dialektferskaat

Neffens de makkers fan it boekje “bliuwt it dialektferskaat gewoan bestean. Allinne op skrift sil der in standert ûntstean.” Dy twa sinnen slute inoar út. It dialektferskaat bliuwt net bestean as der op skrift in standert ûntstiet. It dialektferskaat wurdt weromdrukt nei de sprektaal en dus lytser makke. De skriuwtaal wurdt in snoeide fariant fan de sprektaal èn in snoeide fariant fan de hjoeddeiske skriuwtaal. De Standertwurdlist as noarm ferfrjemdet de Friezen fan har eigen taal. No al binne der dialektfoarmen dy’t net skreaun wurde, aanst wurde dat folle mear. Hoe kin ik oan myn studinten ferantwurdzje dat se takom jier net mear “gyng” skriuwe meie?

Miskien binne der learders fan it Frysk dy’t ferlet ha fan dúdlikheid, mar wat kin dat skele? It dialektysk ferskaat is der no ienkear en kinst yn in boekje wol krekt dwaan as wie it oars, dat feroaret de praktyk net. In twongen kar tusken “woei” en “waaide” of tusken “populier” en “peppel” of tusken “lui” en “lieden” om it Nederlânsk makliker te meitsjen foar learders soe neffens my gjin minsk akseptearje. In heel stik libbene taal wurdt op skrift taboe makke.

De nije noarm falt boppedat folslein út ‘e loft. Hy slút net oan by besteande noarmen, sa’t dy te finen binne by de Afûk, yn learboeken Frysk op skoallen, yn de literêre praktyk of yn de wurdboeken fan de Fryske Akademy. Sa’n isolearre noarm is te wrâldfrjemd om funksjonearje te kinnen. Hy sil ferflokt of negearre wurde en in protte ferset oproppe.

Gjin mandaat

De makkers fan it boekje geane ek letterlik harren boekje te bûten. Provinsjale Steaten hawwe harsels (en foar de lienwurden Deputearre Steaten) it foech takend om in offisjele Fryske stavering fêst te stellen en koenen op basis dêrfan de Akademy freegje om in staveringslist te meitsjen. De kar foar in dialektnoarm hat lykwols neat mei stavering út te stean. Oer taalnoarm hat de provinsje neat te sizzen. Taalnoarm ûntstiet yn in maatskippij sels, troch de diskusje tusken dosinten, makkers fan learboeken en gâns oaren.

De Steaten kinne dan ek net tastean dat in staveringslist struktureel foarmen útslút dy’t oant no ta goed Frysk wienen. Se bejouwe har dan op it mêd fan taalnoarm ynstee fan dat fan stavering. En dêr ha se neat oer te sizzen. Mar de Steaten binne nei alle gedachten likemin fan it ferskil tusken dy twa op ‘e hichte as doetiidsk minister fan ûnderwiis Ronald Plasterk, dy’t yn in televyzjepetear mei Helen de Hoop blike liet dat er de beskriuwing fan it gebrûk fan ‘hun’ as ûnderwerp fan de sin net ûnderskiede koe fan staveringsregels. Troch dy ûnkunde by de Steaten kin de Akademy sûnder mandaat in nije taalnoarm oplizze.

Hâld dermei op!

Fryskskriuwend Fryslân wurdt aanst opskipe mei in Standertwurdlist dy’t in nuvere en wrâldfrjemde noarm foarskriuwt, dy’t it taalferskaat beheint, Friezen fan har taal ferfrjemdet en net-Friezen in falsk byld fan de talige werklikheid foarhâldt. Dy noarm wurdt oan de Fryske mienskip oplein mei in stimpel fan de provinsje derop, wylst dy net it mandaat hat om wat oars as stavering foar te skriuwen. Formeel is de dialektkar yn de list net mear as “in beroerd advys”, mar dat sil de trochhinne Fries net fuortendaliks yn ‘e rekken ha.

It is sneu foar alle wurk fan de Fryske Akademy, mar om my wurdt dit projekt stilset en begjinne de leksikografen mei in nij wurdboek Nederlânsk-Frysk. Dat helpt Friezen en Frysklearders by it skriuwen en praten fan it Frysk en draacht wol by oan it behâld fan de talige rykdom dy’t it Frysk oer de ieuwen hinne garre hat.

Henk Wolf

Mear krityk op de Standertwurdlist it te finen by:
Abe de Vries, Fryske Akademy plent leksikografyske genoside
Abe de Vries, Achtenearre hear Henno Brand
André Looijenga, Een nieuwe spelling voor ‘droog’, ‘eeuw’ en ‘televisie’

april 27, 2013 18:35
Skriuw in reaksje

17 opmerkingen

  1. Rob april 27, 20:55

    Ik sjoch hjir gjin probleem. As ik Nederlânsk skriuw hantearje ek hiel oars Nederlânsk as wannear’t ik praat. Ik soe it wurd “hen” net oer myn lippen krije kinne as ik praat. Ek sis ik wolris “hun” ynstee fan “ze” en “groter dan ik” is by my gewoan “groter als mij”. By it brûken fan in skriuwtaal moast altyd konsesjes dwaan. En wat soe der mis mei wêze as der dialekten hieltyd mear nei de standerdtaal ta waaksen soene? Soks hat al yn de measte talen bart (ek it Nederlânsk en Dútsk) en makket de standerdtaal allinich mar sterker nei bûten ta.

  2. Abe de Vries april 27, 21:46

    Prachtich stik. It is taalútroegerspraat dat foar master opslacht by Provinsjale Steaten en de Akademy. Mei it lear-argumint wurdt in grut part fan de Fryske taalskat ferballe út de skriuwtaal. Boppedat binne der foar de kar fan it iene boppe it oare wurd gjin arguminten en lokket soks allinnich mar ferfelende diskusjes út oer de fraach hokker dialekt him mei it predikaat ‘standert’ toaie mei.

  3. Henk april 27, 22:05

    Rob: do hâldst dy oan dy noarm, om’t er bestiet. Hy is yn de rin fan ieuwen ûntstien en wurdt breed droegen. Hy wurdt net troch de oerheid foarskreaun. Dy bemuoit him net mei de kar tusken “hun”/”hen” of “als”/”dan”. Dat dogge taalbrûkers sels yn in altyd mar trochgeande diskusje en guon (taalboekskriuwers, dosinten, taaladviseurs, skriuwers) ha yn dy diskusje in swierdere stim as oaren.

    Der is oars al lang in Fryske noarm en dy funksjonearret ek gewoan. Hy slút bepaalde dialektfoarmen bûten (“hy stûn”, “ik dyng”, “ik he”, “wy ha sjoend”, “ik skreaf” ensfh.), mar lit doch in soad fariaasje ta. De noarm fan it nije griene boekje stiet behoarlik fier fan dy besteande noarm ôf.

    Stel no dat de oerheid moarn beslute soe dat “het waaide” en “populier” min Nederlânsk wie en “romte” en “ik gong” min Frysk. Soest dy foarmen dan net mear brûke?

  4. Jehannes Elzinga april 28, 21:52

    Werom net njonken in foarkarstavering, sa’tdy no troch de Fryske Akademy opsteld is, oare tastiene staveringen? Ik fyn wol dat net alles kinne moat, want dan krije we wer fan de Trinus Riemersmastaveringen lykas “bwarre”.

  5. g. abma april 29, 17:21

    hâld asjeblyft op mei dy sabeare taaloanwizings. altyd erkende foarmen as gyng/gong ens. samar ferbiede – sinleas doch en keunstmjittich taalgegriem. hâld wat brûkt wurdt oan taal, graach yn eare en fier gjin ûnechtens en keunstmjittigens yn. sabeare is yn fryslân en it frysk al genôch.

  6. Romke E. Egbers april 29, 20:10

    @Henk, ik hoopje dat dyn artikel effekt hat. Kin mij (oh, sorry, “my”) der fansels folsein mei lyk fine.
    @Jehannes: is dit net wat foar de Rie om aksje te ûndernimmen?

  7. pyt april 29, 21:35

    Der is noch wat dommers as de stavering feroarje. Dat is: deroer tsiere.

  8. Cor Jousma maaie 1, 17:32

    Folslein iens mei Henk Wolf!

  9. Jan Schotanus maaie 2, 10:46

    Kom op mei dat Griene Boekje!
    Ha jimme wol troch, dat der ek minsken binne dy’t de kost fertsjinje moatte mei it Frysk?
    Wêrom moatte dy noch altyd sûnder in staveringshifker harren wurk dwaan? Wêrom hat de Fryske akademy de hifker net by de tiid holden?
    Wêrom komt der wol in spraaksyntesizer foar it Frysk (Text to speech!) en is der in Fryske twitterdei, mar noch altyd gjin staveringshifker foar de Apple, en ek net mear foar de oare platfoarmen?
    Henk Wolf hat sels meiwurke oan de Fryske Cito. De stavering fan de fragen hinget no yn de loft, gewoan omdat de wurdboeken inoar tsjinsprekke. En André Looijenga krige ommers rûzje oer it Grut Frysk Diktee, omdat nearne in staveringslist mei autoriteit is.
    Ha jimme wol yn de gaten dat der minsken binne, dy’t Frysk ûnderwize moatte? Dy moatte harren mar rêde mei harren taalgefoel??? En wát leare jo de studint, dy’t it Frysk as twadde taal leart? Henk Wolf giet dêr wol hiel hautain mei om:
    “Miskien binne der learders fan it Frysk dy’t ferlet ha fan dúdlikheid, mar wat kin dat skele?” Dus moatte se it mar net mear leare?
    Heech tiid foar in grien boekje, as staveringslist!
    In nij Nederlânsk Frysk wurdboek binne se trouwens al lang mei oan de gong, dat makket diel út fan it hiele projekt.
    Mar no asjebleaft earst in wurdlist en staveringshifker.

  10. Henk maaie 2, 12:28

    Hallo Jan,

    Ik fertsjinje de kost mei it Frysk en ik lear alle jierren hûnderten studinten it skriuwen en praten fan dy taal. Dy sitte net te springen om in oerheidsnoarm dy’t gjin oansluting hat mei de praktyk. De Frysktaligen wolle har eigen taal skriuwe, de net-Frysktaligen wolle meiprate kinne mei echte minsken.

    Oer stavering kinne wy fan alles bediskusjearje, mar net op dit plak. De boppesteande kollum giet net oer staveringskwestjes.

  11. Rob maaie 2, 20:49

    Ik denk dah ik ook ma gewoon ga schrijve so as der hier gepraat wod waar ik woon. As ik nie praat so as et mijn op school geleerd is mag dah gewoon. Mar efkes serieus; yn de skriuwtaal moat no ienris in kar makke wurde foar in standaard. Yn België sizze hja ek hast allegear “ge” ynstee fan “je/u”, mar dat wurdt net troch de measte lju sa skreaun yn in artikel oft boek. En der is gjinien dy’t dêr dreech oer docht. Yn de praktyk bliuwt elkenien prate sa at er wolt mar skriuwt yn’e standaardtaal. Om mar te swijen oer in lân as Itaalje…..

  12. Sybren maaie 5, 07:17

    Der moat fansels wol in bytsje in standert noarm weze om us taal te learen, mar ik fyn it tige wichtich dat it yn’t underwiis folle better underwiisd wurden moat. Om my mei de stavering fan foar 1980 (fyn ik persoanlik folle moaier) wol wer werom en lit dat de provinsje derop tasjen dat it Frysk ek yndied goed underwiisd wurdt op de skoallen. Ynstee fan in oerke Fryske les yn’e wike, soene der ek oare lessen, bygelyks rekkenjen, ierdrykskunde of skiednis yn’e Frysk joun wurde kinne.

  13. NB juny 5, 21:29

    Fan it iene kwaad (ABN) nei t oare (ABF). Dalik maist ek gjin menje mear sizze, dat moat moandai wêze.

  14. Jehannes Elzinga juny 6, 12:32

    NB: wat in ûnsin, meist sizze watsto wolst, dêr giet it by de staveringdiskusje net oer, dêrby get it om hoest eat opskriuwst. Neffens my bliuwt it ek by de nije stavering moandei, gjin moandai. Mar do learst it noch wol, efkes trochsette!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.