Grutte brân yn wenkompleks Grozny

april 4, 2013 01:25

Oarsaak brân ûnbekend
De needtsjinsten hawwe tritich minsken evakuearre. De brân hat gjin slachtoffers easke.
De oarsaak fan de brân yn it gebou mei fjirtich ferdjippingen is ûnbekend. De toerflet makket diel út fan in wenkompleks yn oanbou yn Grozny, sa sizze de autoriteiten.

Frânske Akteur
De Frânske akteur Gérard Depardieu hat yn ien fan de flets in appartemint. Depardieu krige de kaai yn febrewaris by in besite oan Grozny. De akteur waard doe let en set troch de Tsjetsjeenske lieder Ramzan Kadirov.

Weropbou
Kadirov en syn folk binne mei gâns finansjele stipe fan Ruslân begûn oan de weropbou fan Grozny. De stêd waard yn de jierren njoggentich yn ‘e tiid fan de twa oarloggen mei Ruslân foar it grutste part ferrinnewearre.

april 4, 2013 01:25
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Rob april 4, 08:32

    Krekt goed foar dy Depardieu. Dy Kadirov is in kriichshear mei bloed oan’e hannen. Hy soe him yn it gesicht spuie moatte, net mei him fûstkje. Hopentlik krijt er gjin nije flet, mar Kadirov sil neffens my gewoan in Tsjetsjeenske famylje út har hûs sette om dy naïve Fransoas te kompensearjen.

  2. X. april 4, 12:54

    Yn de titel sjochst dat der in wenkompleks yn Grozny yn ‘e brân stiet, mar dat stiet nearne yn it artikel. Der stiet ek net yn hokker lân oft Grozny leit, wylst der grif minsken binne dy’t dat net witte. Sa skriuwst gjin krante-artikel. Ik sjoch bêst mooglikheden foar It Nijs, mar ik krij hast alle dagen it idee dat der redakteurs binne dy’t wier gjin flau idee hawwe hoe’t in krantestik derút sjocht.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.