Grinzer rjochters klear mei kursus #Frysk

april 18, 2013 22:57

GRINS – In groep rjochters en ofsieren fan justysje hat mei sukses in Fryske taalkursus folge. De kursus waard oanbean troch Anne Popkema, Fries om utens út Grins. De juristen folgen de kursus om Fryske fertochten tsjûgen ferstean te kinnen. Troch in juridyske reorganisaasje hawwe Friezen aanst ek yn de rjochtbanken fan Grins en Arnhim it rjocht om harren eigen taal te brûken. Dat makket fansels dat juristen harren dan ferstean moatte. Se kinne dêr in tolk foar ynskeakelje, mar guon wiene fan betinken dat se better sels Frysk leare koene.

Taaldosint Popkema hat de juristen net inkeld kennis fan de Fryske taal bybrocht, mar ek wat eftergrûnen fan de Fryske rjochtsskiednis en fan de emansipaasje fan it Frysk as offisjele taal sûnt Kneppelfreed.

Klik hjir foar mear ynformaasje.

april 18, 2013 22:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.