Goed nijs út De Haach

april 28, 2013 20:59

It kabinet set it op in sêft sin om de provinsjes bûten de Rânestêd yn lânsdielen gear te foegjen. De reewilligens yn bygelyks de provinsjes Fryslân, Limboarch en Noard-Brabân om mei buorprovinsjes te fusearjen is sa lyts, dat de winsk om selsstannich te bliuwen respektearre wurdt.

Dochs hâldt it kabinet fêst oan syn plan ta it gearfoegjen fan Noard-Hollân, Utert en Flevolân, al slagget dat net foar de Steate-ferkiezings in 2015. Der wurdt no roaid dat it om 1 jannewaris 2016 hinne slagje sil.

Yn de ôfrûne wiken en moannen hawwe in soad minsken harren soarch útsprutsen oer dy healwize plannen. Us taal en kultuer soe slim yn ‘t gedrang komme – minister Plasterk hat it swier foar de kiezzen krigen; sels yn eigen rûnte (PVDA) fûnen guon de diskusje oer de plannen praat fan lege hulen.

Mar lit ús wach wêze, dit iene sweltsje makket lokkich noch gjin simmer, mar der is wol it ien en oar yn ‘e weak lein. Wa wit, wat der oer in skoftsje wer út de hege hoed fan De Haach te foarskyn komt.

Knillus

april 28, 2013 20:59
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Jehannes Elzinga april 28, 21:59

    Ik tink dat it wol wat tafalt, ek yn by. Utert is in protte ferset tsjin de fúzje mei Noard-Hollân en Flevolân. Gauris betsjut útstel yn’e polityk ôfstel, in moaie manear foar in politikus om syn gesicht net te ferliezen yn gefal fan in nederlaach. Boppedat, hoe lang sit dit kabinet noch? Ik tink net dat it 2014 hellet.

  2. Sybren april 28, 22:20

    Minsken,

    Fersin jimme net. As De Hollannen, Utert en Flevolan ien wurde, krije we deselde sitewaasje as yn Fryslan mei de gemeente Sud West. De oare provinsjes sille twongen wurde op de lange doer om dy maatfiering te folgjen, om ‘t se oars fuort spile wurde.

  3. Sybren april 28, 22:41

    Noch efkes reagearje op Elzinga, hielendal mei iens. Dit kabinet hellet 2015 net tink ik.

  4. Tom Dykstra maaie 1, 00:45

    Sybren har gelyk. De situaasje op gemeentlik nivo is no sa dat Littenseradiel him opheffe wol fanwegen de skaalfergrutting om de gemeente hinne, wylst yn 2008 noch de gemeente der net oer prakkesearre .Neffens it kolleezje kin it no spitigernôch net oars, want de gemeente wurdt net langer serieus nommen yn de bestjoerlike ferhâldings en it oerlis mei Súdwest û.o. .
    As de provinsjes Grins en Drinte fusearje soenen dan wurdt Fryslân straft mei syn eigen taal en kultuer en fierder marginalisearre. It is saak om yn dy skaalfergruttingsdiskusjes mei de noardlike provinsjes wol mei te dwaan en easken te stellen. Yn dat oerlis sil mei Grins en Drinte en faaks ek Oerisel in oplossing komme moatte. Neat dwaan betsjut dat it in Frysk probleem wurdt dêr’t oare provinsje gjin boadskip oan hawwe. As Fryslân meipraat sille de oare provinsjes akseptearje moatte dat it Frysk yn it Noarden in sterke posysje ha moat.

  5. Jehannus maaie 2, 00:29

    no-polder wy altiid hast allehjir fryzen, die meie by ûs undet tekkens kroepe.

  6. Geeske Krol maaie 2, 10:08

    Fryslan moat earst sels witte wat foar posysje se ynnimme wolle yn dit lân foardat se mei wa dan ek ek meidogge oan gearfoegings petearen. Der stiet foar Fryslân mear op it spul as taal en kultuer.
    Papier is gewillich. Mei ôfspraken mei oare provinsjes sil it net
    better gean as mei de ferplichtings dêr’t it Ryk foar tekene hat mei it Hânfest. Benammen wat it ûnderwiis oangiet komt der neat fan telâne.
    Gearfoegje is sawol ekonomysk as foar de Fryske taal en kultuer net yn it belang fan Fryslân. Mar it kin mei nee sizzen net ta dêrom moat Fryslan earst oan de slach mei harren takomstige bestjoerlike foarm.

  7. Nynke maaie 2, 17:26

    Goed sein, Geeske.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.