Gecellig smyt 47.000 euro op

april 29, 2013 00:23

LJOUWERT – De aksje ‘Gecellig’ hat mear as 47.000 euro opsmiten. Tachtich minsken lieten har sneon frijwillich opslute yn sellen fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Se moasten dat 24 oeren folhâlde. Net ien fan de dielnimmers is ôfheakke. It frijlitten om 16.00 oere wie foar guon emosjoneel, guon seinen dat it in erfaring wie om nea wer te ferjitten. It ynsammele jild giet nei Fier Fryslân, dat slachtoffers fan húslik geweld opheint. De organisaasje sjocht tefreden werom op de aksje en slút net út soks wer ris te organisearjen foar in oar doel.

(Boarne tekst en ôfbylding: Omrop Fryslân)

april 29, 2013 00:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.