Gâns legere ynflaasje as ferwachte wie

april 30, 2013 19:28

LÚKSEMBURCH – De ynflaasje yn de eurosône is yn april tebekrûn nei it leechste nivo sûnt febrewaris 2010. De ynflaasje kaam út op in weardefermindering op jierbasis fan 1,2%. Yn maart wie dat noch 1,7%. Dat docht bliken út in rûzing fan Eurostat, it Europeeske buro foar de statistyk yn Lúksemburch. It wie in ynstruier, want de ferwachting wie in ynflaasje fan 1,6%.

De Europeeske Sintrale Bank stelt tongersdei in nij rintepersintaazje fêst. Ekonomen ferwachtsje dat de rinte dan mei in fearnspersintpunt ferlege wurdt nei 0,5%. De ferwachting fan de bank is dat de ynflaasje oer hiele 2013 útkomt op 1,6% en yn 2014 op 1,3%. Dat is gâns geunstiger as eardere rûzings, dy’t om ‘e 2% hinne leine.

april 30, 2013 19:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.