Frysk tintsje oan ynhuldiging kening

april 30, 2013 15:27

AMSTERDAM – De troanwiksel fan hjoed hie in Frysk tintsje. Dat kaam yn it foarste plak troch Twadde Keamerlid Lutz Jacobi. Hja ûnthjitte nammentlik yn it Frysk trou oan de nije kening. Tusken it “Zo waarlijk helpe mij God almachtig” en “Dat beloof ik” fan de Nederlânske, Arubaanske, Curacaoske en Sint-Maartener folksfertsjintwurdigers foel har “Dat ûnthjit ik” yn de Amsterdamske Nije Tsjerke tige op.

In oar Frysk elemint kaam fan de kening sels. Hy hie njonken oare ûnderskiedings in alvestêdekrúske op it boarst. Sûnt tiisdei jildt it krúske as in offisjele keninklike ûnderskieding. Op it staasjeportret hat de kening it krúske ek opspjelde. Willem-Alexander ried de Alvestêdtocht yn 1986. Dat die er ûnder de skûlnamme W.A. van Buren. Fryslân wie by de ynhuldiging fan de kening fertsjintwurdige troch komsaris fan de kening John Jorritsma, alle Fryske boargemasters en tritich spesjaal selektearre Friezen.

april 30, 2013 15:27
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Tom Dykstra maaie 1, 00:22

    Geweldich dat se it oandoarst de twadde rykstaal ek te brûken .Se hat in plom fertsjinne. Yn tsjinstelling mei de NOS-fertsjintwurdiger op ‘e Dam , dy’t daliks mei in reaksje kaam fan ‘onbegrijpelijk’ en it mar neat fûn. Hy hie better nei de taspraak fan de nije kening harkje moatte, dy’t it hie oer folken en ienheid yn ferskaat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.