Frustrearre wurkleaze besjit premierskantoar

april 29, 2013 00:20

ROME – De man dy’t sneintemoarn yn Rome it kantoar fan de Italjaanske premier beskeat, hie it grou op Italjaanske politisy. Dat hat er tsjin ‘e plysje sein.

De skutter is in 49-jierrige wurkleaze boufakker út Súd-Italië. Syn namme is Luigi Preiti. Hy wie rut en neffens him wie syn ekonomyske malêze de skuld fan de polityk. Ut wraak hie er acht skotten lost op it gebou dêr’t de nije premier Letta aanst oan it wurk sil. Op it stuit fan de sjitterij waard Letta likernôch in kilometer fierderop ynsward as premier.

april 29, 2013 00:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.