Frisse Wind tinkt oan opdoeken

april 30, 2013 15:31

HARNS – De namme Frisse Wind Harlingen ferdwynt mooglik by de folgjende ferkiezings. It bestjoer fan de partij wit noch net oft se by de gemeenteriedsferkiezings ûnder dy namme meidwaan wolle. De namme Frisse Wind ropt neffens foarsitter Van der Plas mingde gefoelens op. De riedsleden dy’t yn 2010 keazen binne, litte it ôfwitte en komme net mear by de riedsgearkomsten. De trije hawwe it partijlidmaatskip opsein.

Nei it referindum fan 19 juny oer de selsstannichheid fan Harns beslút it bestjoer oft de partij fierder giet.

(Tekst: Omrop Fryslân)

april 30, 2013 15:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.