Frijwilligers socht foar AlleFriezen.nl

april 30, 2013 15:18

Op tongersdei 25 april is yn Grou de fernijde website fan Allefriezen.nl lansearre. Op dy side wurde alle Fryske befolkingsregisters fan 1850 oant 1939 pleatst. Foar it tafoegjen fan yndeksynformaasje oan de registers ropt Allefriezen.nl frijwilligers op te helpen mei dizze klus fia VeleHanden.nl.

It suksesfolle projekt fan de populêre webside www.allefriezen.nl, dêr’t alle Fryske gemeenten, de provinsje en de argyfynstellings yn gearwurkje om de oardel miljoen akten fan de Boargerlike Stân fergees online te setten, krijt in ferfolch. AlleFriezen.nl. stribbet der no nei om de scans fan de Fryske befolkingsregisters fan alle gemeenten op de webside te pleatsen. Om de registers wier tagonklik te meitsjen moatte der noch indeksgegevens oan taheakke wurde. Foar it yntipen fan dy 100.000 persoansnammen ropt AlleFriezen.nl de help yn fan de internetbrûker fia it frijwilligersprojekt VeleHanden.nl. Velehanden.nl sil de kommende moannen de befolkingsregisters fan de (eardere) gemeenten Baarderadiel, Hennaarderadiel, Idaarderadiel, Raerderhim, Utingeradiel en Flylân op de webside pleatse.
VeleHanden is in online platform fan de firma Picturae dêr’t museums en argiven scans oanbiede, dy’t dêrnei troch it publyk yndisearre wurde; in metoade dy’t ek wol crowdsourcing neamd wurdt. De befolkingsregisters fan de gemeenten Achtkarspelen en Ljouwert binne al scand, yndisearre én beskikber.

april 30, 2013 15:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.