Dûbelstjer stipe foar relativiteitsteory

april 29, 2013 00:12

BONN – De ûntdekking fan in nuveraardich slach fan dûbelstjer draacht ekstra stipe oan foar Albert Einstein syn relativiteitsteory. Dat hat de Europeeske stjerrewacht ESO yn Sjily buorkundich makke.

De ESO hat op in distânsje fan rûchwei sântûzen ljochtjierren fan ‘e ierde in dûbelstjer fûn. De kearn is in petiterich lyts neutroanestjerke dat alle sekonden 25 kear om syn eigen as draait. Der draait in saneamde wite dwerchstjer omhinne. Dy docht treddel oere oer it ôflizzen fan syn baan.

De relativiteitsteory foarseit dat de dûbelstjer swiertekrêftenerzjy ôfjout. Dat makket dat er stadichoan enerzjy ferliest en sadwaande nimt de ôfstân tusken de twa stjerren stadichoan ta. Dat docht bliken yndie it gefal te wêzen; de wite dwerch draait alle jierren 0,00008 sekonde trager om syn as. Dat is presys wat Einstein syn teory foarseit.

John Antoniadis fan it Max Plackynstitút yn Bonn hat mei guon oare ûndersikers in artikel oer de dûbelstjer skreaun. Dat ferskynt dizze wike yn it tydskrift Science.

april 29, 2013 00:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.