Djipdollende besunigings yn Grikelân

april 29, 2013 00:38

ATENE – It Grykske parlemint hat sneintejûn goedsein foar in nije pakket besunigingsmaatregels. Dat hâldt ûnder oaren yn dat der dit jier fjouwertûzen amtners dien krije. Takom jier moat de Grykske oerheid nochris njoggentûzen meiwurkers slite. Tûzenen minsken kloften snein yn Atene gear om tsjin dy maatregels te demonstrearjen.

It parlemint hat ek ynstimd mei in belesting op grûnbesit. De maatregels foarmje in betingst foar nije stipe fan de EU en it IMF. Dy besjogge moandei oft Grikelân rjocht hat op in bedrach fan 2,8 miljard euro. Yn maaie wurdt kediisd oer nochris seis miljoen.

april 29, 2013 00:38
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Anonym april 29, 11:10

    Fiergeande?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.