Afûk-direkteur foar staveringswiziging

april 30, 2013 03:17

De direkteur fan de Afûk, Koen Eekma, seit tsjin Omrop Fryslân dat der in ‘h’ yn ‘hjir’ skreaun wurdt, om’t wy him hearre. Hy seit ek dat wy ‘kalmoes’ tenei mei ‘oe’ skriuwe moatte, om’t dat wurd út it Hollânsk komme soe. Beide útspraken binne net wier. De ‘h’ is etymologysk, sa’t ek yn it lesmateriaal fan de Afûk stiet en ‘kalmoes’ is in Latynsk wurd, dat tafallich yn it Hollânsk en yn it Frysk bedarre is.

Eekma docht syn útspraken om dúdlik te meitsjen wêrom’t er foarstanner is fan de staveringswiziging dy’t de Fryske Akademy útsteld hat. Neffens de direkteur kleie Hollanners deroer dat Fryske wurden faak op trije manieren skreaun wurde kinne. De staveringswiziging soe dat probleem oplosse.

april 30, 2013 03:17
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe de Vries april 30, 11:00

    Ik tink dat der in tribunaal komme moat om dizze minsken te berjochtsjen. De oanklacht: it planmjittich, mei opset sin ynkoartsjen fan de rike Fryske taal om’t de Hollanners ‘m dan better leare kinne soene.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.