Reedriderswaar troch opwaarmjend klimaat

maart 2, 2013 15:03

Nei al wer in bêste winter, mei bytiden sterk iis, sil it wol wat tafalle mei it opwaarmjen fan it klimaat, tink? It is krekt oarsom, sa docht bliken út resinte wittenskiplike analyzes.

 

In kâlde winter, of net?

Mei maart op de kalinder en foarsizzings fan temperatueren yn de dûbele sifers foar oare wike kin de winterbalâns opmakke wurde. Neffens it KNMI wie de meteorologyske winter (fan 1 desimber oant en mei 28 febrewaris) diskear in heale graad kâlder as normaal. Der lei op 18 dagen snie dêr’t ornaris 13 dagen foaroer steane en dêrmei is it neffens it waarynstitút de tredde ‘snierike’ winter yn fjouwer jier tiid, om’t 2010 en 2011 ek al bulten snie opsmieten. Snie, stosnie en izel bewurkmasteren aardich wat oerlêst, ferspraat oer it hiele winterskoft en benammen op 8 desimber, 14, 15, 20 en 21 jannewaris en op 14 febrewaris.

Janvissersweer-Terra060213De winter fan 2013 brocht gauris in snietek (oernommen fan Jan Vissers Weer)

Lykwols wie it ek in ritige winter. Dy sette út ein mei fjirtjin dagen froastich waar mar dêrnei wie it trije wike bûtenwenstich myld – de lêste dekade fan it jier wie tegearre mei dy fan 1988 sels de waarmste sûnt it begjin fan de mjittings yn 1901 – mei begjin jannewaris sa’n tolve graden. Nei in serieuze froastperioade, mei reedridersiis, skeat it kwik ein jannewaris wer omheech nei datumrekôrs yn De Bilt: 11,8 ºC op 29 en 11,9 ºC op 30 jannewaris; yn Eindhoven waard it dy 30ste sels 13,9 ºC. Fan 6 febrewaris ôf folge dêrnei wer in kâlde rite.

Waarman Jan Visser wiist op de singeliere temperateurferdieling oer it lân yn de froastperioade fan jannewaris: ornaris is it troch de ynfloed fan de waarme see yn it (noard)easten altyd it kâldst, mar diskear hat it yn Enschede net iens strang ferzen, wylst it kwik yn bygelyks it Sieuske Westdorpe wol fiif kear ûnder de 10 ºC dûkte. Neffens Visser kaam dat benammen troch in stive wolkesee boppe it Europeeske fêstelân. “Sadwaande belibben de Dútsers in jannewaris mei de minste sinneskyn sûnt 1951: mar 22 oeren yn trochsneed oer it lân en op guon plakken mar 10 oeren!”

Om te beoardielen hoe kâld oft in winter is, wurdt wol it kjeldgetal fan Hellman brûkt: de trochsneed froast oer elts etmiel opteld oer it skoft tusken 1 novimber en 31 maart. Te uzes stiet it Helmanngetal foar de winter fan 2013 op dit stuit – en dat sil net folle mear feroarje – op 65,6. Neffens de byhearrende klassifikaasje is dat in normale winter: in kâlde winter is it pas boppe de hûndert punten.

Winterwille 2013De winter fan 2013 brocht ek wat iiswille; © It Nijs

 

Al fiif reedriderswinters efterinoar

De ôfrûne winters hellen it predikaat ‘kâld’ allikemin, al wie 2010 der omtrint mei in Hellmangetal fan 94,7 en wienen 2011 en 20112 aardich op streek mei respektivelik 80,6 en 88,4 punten. De winter fan 2009 is mei in kjeldgetal fan mar 56,5 noch mar krekt ‘normaal’ te neamen en de fiif jier dêrfoar wienen mei minder as fjirtich punten myld; 2007 wurdt mei in skoare fan 4,8 sels klassifisearre as bûtenwenstich myld. Soks is fansels ek ôf te mjitten oan de iiswille dy’t in winter opsmyt. Sa krigen reedriders de ôfrûne fiif jier aardich harren gerak mei natueriis yn de folgjende snuorjes:

  • De lêste dagen fan 2008 oant omtrint healwei jannewaris 2009;
  • Begjin jannewaris oant goed healwei febrewaris 2010 (sjoch hjir);
  • Begjin desimber 2010 (sjoch hjir) en yn de krystfakânsje (sjoch hjirre);
  • De earste helte fan febrewaris 2012 (sjoch hjir, hjir, hjirre en hjirre);
  • De twadde helte fan jannewaris 2013 (sjoch hjir en hjirre).

Neidat der sûnt 2003 jierrenlang op syn heechst in deimannich op lâniis en ûndjip wetter riden wurde koe, foel dat iisleafhawwers dy’t yn noed sieten oer it opwaarmjen fan it klimaat neat ôf. Falt it dan mei dy klimaatferoaring dan noch wol in slach ta? Perfoarst net, sa docht bliken út bygelyks it ûnhuere ôftakjen fan poaliis. En dat hat wer gefolgen foar it algehiele waarsysteem, dat wittenskippers hieltyd better yn it snotsje hawwe. Út de nijste ynsichten docht bliken dat ekstreme winters de kommende tiid wolris gewoan wurde kinne. En dat betsjut sawol riten mei sawol o sok waarm as tige kâld waar. Hoe’t dat kin, wurdt hjirûnder mei yllustraasjes útlein.

greene-arctic-sea-ice-hits-record-low_2In ûnhuer ôftakjen fan it Noardpoaliis by it simmer, benammen sûnt 2007, hjirboppe is de minimale jierlikse omfieming werjûn yn in grafyk, hjirûnder yn in filmke ; © NASA Goddard Space Flight Center.

Hoe’t it opwaarmjende klimaat te uzes út en troch mear kjeld bewurkmasteret

Om’t waarme lucht úttynt, lichter wurdt en stiicht, ûntsteane der yn de atmosfear op- en delgeande bewegings. Oandreaun troch opstigende lucht by de evennachtsline en sakjende lucht by de poalen, ûntsteane der sawol op it noardlik as it súdlik healrûn trije atmosfearyske sellen. JetcrosssectionYn de subtropen en om de poalgebieten hinne liede botsende luchtmassa’s yn kombinaasje mei ôfbûgjen (it saneamde korioliseffekt) as gefolch fan it draaien fan de ierde – nei rjochts op it noardlik en nei lofts op it súdlik healrûn – ta eastlike streamings dy’t op grutte hichte, dêr’t gjin wriuwing mei it ierdoerflak is, hege faasjes fan hûnderten kilometers yn ‘e oere krije. Sa ûntsteane hûnderten kilometers brede en tûzenen kilometers lange strielstreamen op in hichte fan acht oant tolve kilometer by de Poalen en op tolve oant trettjin kilometer hichte yn de subtropen.Jetstreamconfig De strielstreamen dy’t om de poalen giselje, markearje de skieding tusken mylde en kâlde lucht en hâlde de kjeld finzen yn de noardlikste en súdlikste geaen fan de ierde. Dy strielstreamen wurde oanpoend fan waarme lucht dy’t opstiicht as dy yn kâldere kriten bedarret. Dat, wat grutter de temperatuerferskillen, namste krêftiger de strielstreamen. Benammen troch de ûnhuere fermindering fan de hoemannichte Noardpoaliis by it simmer, mei sadwaande minder wjerkeatsing fan sinneljocht en fangefolgen yn ferhâlding in grutte opwaarming fan it Poalgea, minderesearje de temperatuerferskillen tusken evener en poal. Dêrtroch wurdt de noardlike strielstream swakker en begjint, krekt as rivieren dy’t yn it leechlân bedarje en net sa hurd mear streame, hieltyd mear te meänderjen. Mânske meänders mei algeduerige gruttere ombochten nei it suden binne wer fan dy gefolgen dat we te uzes en bygelyks yn Amearika hommels fan de waarmte yn de kjeld bedarje kinne. N_Jetstream_Rossby_Waves_NKlimatolooch Charles Greene, dy’t okkerdeis oer dit fenomeen skreau yn Scientific American, stiet ús just troch it hurd oaneinende teien fan it poaliis de earste jierren noch fûleindich winterwaar te wachtsjen. Greene: “Minsken sizze, wat sille we no krije, mei al dy prakken snie, it soe dochs waarmer wurde? Mar wy sjogge dat yn it klimaatspul de Noardpoal de kaarten op ‘e nije skoddet en faker de joker spylje sil, mei in gruttere kâns op kjeld dy’t dit út komt.”

 

Mear lêze oer de klimaatferoaring en it ferrin fan de lêste winters op It Nijs?

Sjoch bygelyks:

Broeikaswinter nekke Alvestêdetocht (winter 2012)

Nuversoartich waar yn 2011

Wrâldwiid waarme winter en Normale winter al bysûnder (2010)

Waarme wrâld, Klimaatferskaat en Skea en deaden Sandy rinne op (resint)

Nije ynsichten yn it klimaat

Yndikaasjes klimaatferoaring

Iiskape Grienlân wiffer as tocht

WNF: bisten witte net wer te kearen

En eftergrûnen yn:  ien graad, twa,  trije, fjouwer,  fiif en seis graden

maart 2, 2013 15:03
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Tako maart 3, 21:48

    Spitich dat de skriuwer fan it stikje hjir allinne mar referinsjes nei iensidige artikels fan in klimaatalarmistysk slach sjen lit, der binne ek oaren: https://www.itnijs.frl/2011/07/dutslan-waarmet-ek-net-op/

  2. Johannes maart 4, 00:05

    Oer it waar binne jo nea útpraat.
    Foaral as kjeld net docht wat der ferwachte wurdt.
    De waarmte makket altiten de kjeld kjel!
    It wurdt kâld yn ‘e keamer, ik gean op bêd.

  3. Nanne maart 4, 08:48

    Yn it hjirboppe oanhelle artikel Klimaatferskaat wurdt sjen litten hoe’t klimaatskeptisy mei de temperatuerdata manipulearje. De ierde waarmet hurd op, dat is sa fêst as in hûs. Hoe tinke jo oars dat it komt dat de iiskappe op de Noardpoal fuortraant as in iisko by heechsimmer, Tako?

  4. Tako maart 4, 23:11

    Nanne, en hoe tinkst dan dat it komt dat de sudpoal ofkuollet? En de trochsneed seetemperatoer? En dat sels de klimaartalarmistyske IPCC tajout dat de temperatoer al jierren lang net mear tanimt? En dat de IPCC modellen allegearre in hegere trochsneed temperatoer foarsein hawwe dan wy op it stuit belibje? Kinst yn opwaarmjende mearkes leauwen bliuwe, mar ek ris iepen stean foar in oar lud. De ierde waarmet net mear op sunt 10 oant 15 jier. Feit. De waarmjende noardpoal is in lokaal ferskynsel, bygelyks yn Siberie is it al kalder wurden.

    No silsto freegje om in underbouwing, der sil ik oan wurkje, mar haw no efkes de tiid net. Komt noch!

  5. H. maart 5, 12:14

    Nanne/Tako: op in “ûnderbouwing” troch likebruorren sit tink gjin minsk te wachtsjen, wat my oanbelanget kin Tako folstean mei in ferwizing nei in publikaasje yn in faktydskrift.

  6. Nanne maart 5, 13:16

    Sa’t immen sei: eltsenien hat rjocht op syn eigen miening, mar net op eigen feiten. En neffens my hat Tako it oer in oar universum as ik. In ferwizing nei wittenskiplike literatuer, lykas H. útstelt, fyn ik in baaseftich idee. Ik sil dat sels no fuortendaliks ek dwaan: in poerbêste webside mei in oersjoch fan alle wichtige ynformaasje oer klimaatferoaring is http://www.skepticalscience.com/; mei trochkeppelings nei oanbelangjende wittenskiplike artikels.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.