Eigen taal yn tsjerke

maart 8, 2013 20:23

Ús talen binne te ryk om net  te brûken yn ‘e tsjerken

Us talen binne in net te missen unyk en ryk minsklik ferskynsel, sa fynt musikus Hindrik van der Meer. No is der noch in hiel stereotyp en iensidich gebrûk fan de taal yn de liturgy. Dat moat oars, fynt Van der Meer.

In goed jier ferlyn binne troch de Ried fan de Fryske Beweging ûnder it tema ‘Flagje foar taal’ allerhanne talige aktiviteiten yn Fryslân organisearre. Net allinne flagje foar de eigen taal dus, mar foar de taal as in unyk besit fan de minske

Under dy paraplu hongen yn 60 doarpen  en stêden 60 flaggen mei dêrop in gedicht oer dat plak. Dat barde, om’t  betocht waard dat 60 jier ferlyn Fedde Schurer (1898-1968) yn in flamjend haadartikel yn de Friese Koerier opkaam foar it rjocht it Frysk ek yn de rjochtseal te brûken. Om’t de rjochter dy’t soks ferbean hie, him op syn teannen trape fielde, moast Fedde Schurer foar it rjocht ferskine. Abel Herzberg, dy’t Schurer ferdigene, spriek doe de ûnferjitlike wurden: ‘Mijnheer de rechter, wanneer wij straks allemaal dezelfde taal spreken, hebben wij elkaar ook niets meer te vertellen!’

De djippe wierheid fan dizze wurden waard my koartlyn by fjouwer gelegenheden wer ris tige dúdlik. Eltse taal fertsjinnet respekt. Eltse taal hat syn eigen rykdom yn klank en betsjutting.

It begûn op snein 13 jannewaris, doe’t wy yn Aldeberkeap (Berkoop!) in Stellingwarfse tsjerketsjinst meimakken. Dûmny Rienk Klooster hie as tema  foar de tsjinst ‘In ni’j begin maeken’ útkeazen. Hy preke oer rjochtfeardigens yn it minskelibben en liet de profeet Amos oan it wurd. ‘Bespeer mi’j et geraos van jim lieten. Laot liever et recht broezen as waeter en de rechtveerdichheid as een diep dat nooit dreuge staot’ En wij songen: ‘Deur wee en wanhoop klinkt et liet van’t keuninkriek dat niet vergiet!’

Respekt

Under de kofjedrinkerij neitiid die bliken dat de helte fan de oanwêzigen it Frysk like machtich wie as it Stellingwarfs. Dúdlik waard dat der fan wjerskanten respekt en sympaty wie foar elkoars talen. Der waard in mienskiplike ferantwurdlikheid field. It ‘flagjen foar taal’ krige nei dy tsjinst yn de lytse Stellingwerven in universele betsjutting. ‘Lit dyn eigen taal net swije, eltse taal kin sprekken lije’.

Dyselde middeis wie yn Snits it ôfskie fan dûmny Alex van Ligten, de Amsterdammer, dy’t him it Frysk folslein eigen makke hat. Doe’t hy as jonkje it lêzen learde, wie dat it begjin fan in libbenslange reis troch de skientme en sizzingskrêft fan taal, oft it no syn memmetaal, it Gryksk, it Hebrieusk of it Frysk wie. Wy songen oer it Boek, en it Wurd dat him sa yn de besnijing hie en hat, mei de wurden fan Huub Oosterhuis:

‘Dat hoge woord, geschreven wit op zwart/ trouw van trouw, hoe heeft het ons bevrijd/beschaamd,vervoerd, getroost, dan weer getart/Hoe dorsten wij te weten wie Gij zijt’

In pear dagen letter moasten wy nei Harns foar de routsjinst en de begraffenis fan in Amboneeske freon, dy’t krekt as ús fyftich jier lyn út it doetiidske Nederlandsch Nieuw Guinea evakueard is.

Hy waard berne yn ’e waarmte fan de tropen en begroeven yn de glûpende kjeld fan Fryslân. By de routsjinst klonk it Maleisk mear as ien kear út hûnderten Amboneeske kielen. Sûnder oargel en bytiden spontaan mearstimmich. It makke yndruk de ek foar ús sa fertroud wurden Maleiske taal te hearren, doe’t de famylje steande om de kiste in lêste liet song. ‘Isa ada sobat kita, amat tulus dan benar’  (Welk een vriend is onze Jezus).

Wer hiel oars wie de twatalige tsjerketsjinst yn Hilaard mei dûmny Hinne Wagenaar oer de brulloft te Kana. De lêzingen en de preek wiene yn it Frysk, it sjongen yn it Hollânsk. Dat kin ek hiel goed. In prachtich brulloftsliet fan de Hollânske dichter Muus Jacobse, dito toanset troch Willem Vogel. Ek hjir wer de rykdom fan it omgean mei de taal, it weromgean nei de grûntekst, en nij ljocht skine litte oer lytse, mar wichtige wurden.

Gelokkich binne ús talen as in net te missen unyk en ryk minsklik ferskynsel noch yn libben en hawwe wy (sjoch Abel Herzberg) elkoar út hiel ferskillende klankwrâlden wei noch in soad te fertellen. Fryslân is meartalich, mar spitigernôch is dat yn de measte tsjerketsjinsten net te fernimmen. En dat feroaret net hurd.

Us Fryske tsjerkemienkippen geane noch altyd  hiel stereotyp en iensidich mei ús talerykdom om. Wa wit iepenet dit stikje yn ien klap in hiel soad eagen, sadat ús eigen taal yn de tsjerketsjinsten net in bysûnder ferskynsel bliuwt, mar hiel gewoan wurdt.

 

maart 8, 2013 20:23
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Johannes maart 10, 23:36

    Eartiids yn Wânswert waard altiten in Hollânske dûmny oannommen dy ‘t faak it Frysk nea ferstien hat salang as hy der dûmny wie. De tsjerke siet nea fol. En eltsenien siet te slûgjen. Mar doe der in kear in âld skoalmaster Eelke Simens de Jong yn Frysk preke siet de tsjerke oan ‘e harsens ta fol. Der waard troch de minsken folle mear altiten yn ‘t Frysk praten en it Hollânsk wie dochs slimmer om oan te hearren. De minsken moasten it wierskynlik earst fertale yn ‘t Frysk yn harren tinzen.
    In pear jier lyn wie ik yn de tsjerke fan Burdaard en de dûmny ôfwikselje yn Hollânsk en it Frysk preke siet wol aardich wat minsken. Ik frege oan myn broer as der no hjir in Fryske preek hâlden waard, soe dan de tsjerke net folle foller sitte? Hy sei: “nee dat bard net, der wenje no tefolle Hollânsk prate minsken yn it doarp.”

  2. Bertus Jans Postma maart 21, 11:09

    Ik haw hjir yn Bitgummole de tsjerkerie útsteld, om it tal gewoane, eigentalige, tsjinsten te wreidzjen: alle jierren twa mear as it jiers tefoaren, oant wy heal om heal yn eigen en frjemde taal sneintemoarns feest fiere. En as it oer in jier of trettjin sa fier wêze soe, dan koene wy wolris wer prate. “Njet,” wie it beskie fan de tsjerkerie. It ‘wêrom net’ waard der net by sein. Fryslân hat gjin ambysje, sa hat mear as ienris de (no âld-) deputearre Ploeg sein en de rykskommissarie wie dat fierhinne mei him iens, wol ik leauwe. Dy hie it teminsten oer ‘net agressyf’ genôch. Sokssawat jildt ek foar de KPN-tsjerke, tinkt my. ‘It moat mar net’, ‘it hoecht om my net’, ‘ik wól net en dêrmei út’, sa’n spultsje liket it te wêzen. Amen!

  3. Jan Sybrens maart 23, 17:30

    Doe’t ik hjir, yn it bêste doarp fan d’ierde, kaam te wenjen waard der allinnich mar yn it Hollânsk preke.
    Doe’t der in nije dominy kaam soarge dy al gau dat der in pear Fryske tsjinsten yn it jier wiene. En, faaks wat stikemwei, sette er alle jierren in pear mear op it preekroaster.
    Op 4 Maart 1997 hat de tsjerkerie besletten dat de helte fan de tsjinsten yn it Frysk wêze sil.
    No, sechstjin jier letter, jildt dat (nei myn betinken no ferâldere) beslút noch altiten. Want it soe no dochs op syn minst 75 persint wêze moatte.

  4. Jan Sybrens maart 23, 17:46

    In lytse anekdoate.
    Jierren lyn siet ik op in klassikale gearkomstee nêst de doetiidske dominy fan Bitgummole. Ik frege him: ha jim in protte Fryske tsjinsten? Syn andert wie: wy hawwe tsien Fryske tsjinsten yn it jier. Ik sei: dat is net folle, net iens ien yn ‘e moanne.
    Mar, sei er, ik fyn it sa ûngastfrij as der minsken fan bûten Fryslân yn tsjerke binne dy t it net ferstean kinne. Doe’t ik sei: dat bin ik mei jo iens. As ik mei fakânsje yn Denemarken bin en ik gean dêr Sneintemoarns nei tsjerke dan fyn ik it sa ûngastfrij as de dominy yn it Deensk preket en net yn it Frysk. Hy glimke wat soerswiet en hat de fierder ner in wurd oer sein.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.