Loftfytser

maart 2, 2013 15:24

By it Bûn fan Fryske Fûgelwachten ha se in Rendert Algra foarsitter makke. Fan ien ding kinne se wis wêze: Algra sil bot om him hinne slaan en der tige op los orakelje, net hindere troch al tefolle kennis fan saken. Sels wie hy foar de radio sa earlik om ta te jaan dat syn aaisikerskwaliteiten net fierder rikten as de ferstoppe peaske-aaien. Tagelyk makke hy de Fryske mienskip dielgenoat fan syn tûke fyzje op de takomst: der moat in buorkerij komme dêr’t de bern it aaisykjen leare. Sjogge jimme it foar jimme? In boer dy’t as twadde tak it aaisykjenlearen der by nommen hat. Skoallen kinne in middei ynskriuwe foar in natoerles op de aaisikersbuorkerij. De boer hat efter yn ‘e skuorre in ynstruksjelokaal timmerje litten, hat der foar soarge dat der genôch moderne media binne dêr’t de bern yn groepsferbân of yndividueel teorylessen aaisykjen krije. Nei dat oerke geane de doarren iepen en brûze de bern nei bûten ta: de praktykles begjint. Op twa kilometer ôfstân hearre jo se al oankommen. Der wie noch sa sein dat der gjin lûd jûn wurde mocht want dat de fûgels dan útnaaie. En dat strykt: ljippen en skriezen hâlde har nuet of binne fan slach. Nee Algra, dit wurdt neat. Jo ha gelyk dat foar hast alle bern jildt dat se net folle benul mear ha fan it libben fan greidefûgels. Dat feroarje jo net troch ditsoarte oprispings. De wrâld is feroare en grif dy fan de bern. De aaisikers fan no binne aardich op jierren. Hja ha it fûgellibben en it aaisykjen leard omdat it libben fan in protte minsken him yn it fjild ôfspile. It tal minsken dat 50 jier lyn yn de lânbou wurke wie hiel wat mear as no. In boer mei tritich kij hie twa fêste arbeiders en in feint en by’t simmer ek noch wol oar los folk. Dy fleagen net mei in gong fan 20 km/o de greiden oer mei bakbisten fan masines. Dy wurken mei hânsum ark en hiene dêrtroch tiid om de fûgels te folgjen en omdat alles yn in rêstich tempo ferrûn wenden de fûgels oan har oanwêzigens. As jo alle dagen itselde paad delgiene nei it lân ta dan kaam de ljip net iens mear fan it nêst ek al rûnen jo hast deun by him lâns.

Dat folk dat doe yn it lân wurke, naam de bern mei. De húshâldings wiene grutter. De bern sloegen by har heiten om en waarden ûngemurken bekend makke mei it libben yn de natoer troch koarte opmerkings en attindearrings. Der waard gjin les jûn, mar der waard de bern wol hiel wat leard. As jo wat âlder wiene dan giene jo sels “de lannen yn”, allinne of mei de kameraten. Jo learden jo dan sels by troch eigen observaasjes. Sa learden jo ek it aaisykjen as jo der wat oanlis foar hiene.

Dat is no hiel oars. Wa sjocht noch bern yn de lannen? Net allinne dat de fjilden leech binne yn de sin dat der mar ien soarte gewaaks groeit, der is ek gjin folk mear yn it lân. Bern bliuwe mear yn ‘e hûs mei har nintendo’s en “games”. Dêrtroch sil it bestân fan fûgelwachters fergriizje en op ‘en doer útstjerre. Faunabehear hoecht dus net yn noed te sitten, der komt in “natoerlik” ein oan it aaisykjen. De ljipkes meie dan harren earste lêch hâlde en ha miskien in kâns om de grutte masines foar te wêzen. Foar Algra syn briljante gedachten hoege de Faunabehearders har net bang meitsje te litten: it is loftfytserij en dêr komt men net fier mei. Jv/dB

maart 2, 2013 15:24
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. aage m maart 3, 23:17

    Dy bern kinne dochs begjinne mei skarrel kipaaien?

  2. Johannes maart 3, 23:53

    In politikus (Rendert Algra) moat in wurkje hawwe te dwaan. Hat hy ferstân fan it wurk is net wichtich, mar hy hat KONNEKSJES, dat is wichtich. Hy moat no mei-ien op aaisikers les, oars wurdt it neat.
    Dat de Bûn fan Fryske Fûgelwachten in politikus nommen hat, dy’t lyk begjint mei fouten binne begjinners fouten en eltse learling mei fouten meitsje.

    Skarrelje fan hinnen soenen aaien lizze kinne.

    Eartiids doe ik begûn ljipaaien te sykjen wienen der gjin minsken yn ‘t lân. Soms in pear oare aaisikers bygelyks.
    Yn ‘e maaitiid oant 15 april (salang mocht der socht wurde) wienen de boeren net yn ‘t lân. Der wie noch gjin gers om te meanen, út en troch in boer op in strontwein om stront of jarre út te riden, mar dat wie meastentiids yn ‘t begjin fan maart.

  3. Willem Breeuwsma maart 11, 14:53

    Tsjonge , die sekere J vd B wit wol hoe’t moat. Rendert Algra is no krekt de man dy’t de BFVW nedich hat! In man mei ballen of kloaten is noch better sein. De Faunabeskerming set him sels elts jier wêr foar skut troch ûnsinnige dingen te sizzen. De wachten geane heus wol op stap nei de skoallen om wêr nije jonge leden op te sykjen. Dus it stjêrt nea út! En de moderne lânbou, ja dêr hawwe alle provinsjes lêst fan. Mar ek de wetterstân hat gefolgen foar de greidefûgels. It aaisykjen bliuwt altiten sa lang der “domme’ minsken oer skriuwe. Foarich jier wie it fierstente droech en no slaat kening winter wêr ta. Dat is de natoer! En die is baas!
    Gr Willem Breeuwsma, boerensoan, Fûgelwachter, natoer leafhawwer en 4x earste finer fan it earste ljipaai fan gemeente Ljouwert en Smellingerlân.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.