Heldedied kostet man syn baan

maart 12, 2013 22:51

De Britske Paul Mashallsea (62) rekke syn baan kwyt doe’t syn wurkjouwer him op ‘e televyzje seach, hoe’t er yn jannewaris in haai by in espeltsje bern weiluts.

Siik meld

Paul hie himsels lang siik meld en wie sûnder tastimming nei Australië ta gien. Dêr siet er op it Bulcock-beach strân yn Queensland doe’t der alaarm slein waard. Hy seach in grutte haai dy’t it foarsjoen hie op bern dy’t dêr omswommen. Dêrop draafde hy ta de see yn en griep de haai by de sturt. In Australyske televyzjestjoerder filme de heldedied en de bylden giene de hiele wrâld oer.

Ûnnoflike ferrassing

By thúskomst yn Grut-Brittannië stie Paul en syn frou in ferrassing te wachtsjen. De Pant and Dowlais Boys en Girls Club, dêr’t hja wurkje, hie de bylden sjoen en se fuort dien jûn. Hja sieten fanwegen stress yn ‘e syktewet thús en woene yn Australië ta rêst komme.

Net ferwachte

It echtpear wit net wat harren oerkommen is. Se sizze: “Wy sieten mei stress thús, neidat wy wike yn wike út sân dagen lang wurke hiene, en de dokter sei dat wy der tuskenút moasten. Yn ‘e Daily Mail sei Paul dat er net ferwachte hie, dat dizze heldedied syn baan kostje soe.”

maart 12, 2013 22:51
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. gidi maart 15, 15:30

    kloatsek,moksis,sloof,slugert,etc.etc.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.