Erfskip Willem Wilmink nei it museum

maart 19, 2013 22:21

Widdo skinkt erfskip
Tsien jier nei de dea fan dichter en skriuwer Willem Wilmink (1936-2003) hat syn widdo it argyf skonken oan it Letterkundig Museum yn De Haach.

Tweintich doazen
It giet om likernôch 20 doazen, mei dêryn pinnen, brillen, frijwol al syn mei de hân skreaun gedichten, deiboeken, prizen, foto’s en korrespondinsjes mei ûnder oare Herman van Veen, Aart Staartjes en Herman Finkers.

Biografy
It plan is ûntstien om in biografy te meitsjen. De korrespondinsje foarmet dêrby in belangrike boarne. Elsbeth Etty is de oanwiisde persoan om de biografy te skriuwen.

Topstik
Topstik fan it argyf is neffens it museum de akkordeon fan Willem Wilmink. Wilmink spile faak mei syn akkordeon yn in lietprogramma.

Lytse útstalling
Fan oare wike woansdei ôf binne de earste stikken út it argyf fan Wilmink yn it Letterkundig Museum te sjen.

maart 19, 2013 22:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.