Wjerwurd oan Plasterk

febrewaris 17, 2013 20:42

In wjerwurd foar minister Plasterk as er op it Provinsjehûs komt

Wat sille wy sizze tsjin minister Plasterk as hy op de Twibaksmerk yn Ljouwert oan de baalje fan it Provinsjehûs komt? Wat sille wy sizze tsjin dizze minister? Hy sil nei alle tolve provinsjes ta om harren min of mear  ta fúzje te twingen. Yn dizze koarte redenearring sil ik de Friezen ris op ‘e hichte bringe oer wat harren te wachtsjen stiet. De Fryske Kommissaris en de Deputearren sitte te wachtsjen om ‘e tafel. De minister skoot ek by. Hy hat al ûnderfining opdien mei wjerstân fan bestjoerders. Hy wit wat fleis oft er yn de kûpe hat, mient er. Sy wolle neat. Hy hâldt fol dat jo nea oan de frosken ynstimming freegje moatte om de sleat te dimpen. Plasterk set wol troch, hy set út ein. Hy hat it oer ferbettering fan de effisjinsje by de amtners, it bestjoer tichter by de minsken, krekt no’t it regear swier besunigje wol. Wat de bewenners wolle, telt blykber net.

Ik kin hjir wol steande hâlde, dat fúzjes te min opsmite sille. Der wurdt net hifke oft fúzje wol it beëage effekt ha sil. It is in jildfergriemerij dêr’t allinne boekhâlders fan witte en oer swije. Wa wol dêrfoar kloklieder wêze? As men bygelyks einen en hinnen yn itselde hok stoppet.., no dat sprekt foar himsels. It gearwurkjen fan ferskate bedriuwskultueren, dêr geane jierren oerhinne. De wanhoop slacht ta.

No komt it derop oan

Ús Kommisaris en Deputearren binne no ree om yn ien klap mei in útstel te kommen dêr’t se minister Plasterk mei oer it mad komme. Ja, ús Provinsjaal Bestjoer komt mei in eigen plan: de trije noardlike provinsjes byelkoar! Dêr wolle wy hjir gjin praat fan ha. Dêroer kinne wy koart krieme: Fryslân bliuwt selsstannich. Wy meitsje fan ús provinsje ien gemeente. Yn de grutte stêden iepenje wy saneamde loketten. Dêr kin de boarger mei alle fragen hinnegean. Dêrmei losse wy ek it probleem fan de safolste weryndieling op; dat fan de einen en de hinnen. Wy geane de wei fan de alvestêdetocht. Boppedat binne wy hjir hûndert jier mei rêden. Sa leit it der hjir hinne. Dêr moat de minister it mei dwaan.

Harry Bouwhús, De Gordyk

 

febrewaris 17, 2013 20:42
Skriuw in reaksje

30 opmerkingen

  1. Jaap febrewaris 18, 10:18

    Dan ek gjin lânsdielen. Gewoan in bestjoerslaach der tusken út en de gemeente Fryslân syn eigen beantsjes dopje litte. Wy geane dan noch eefkes in stapke fierder as Plasterk. Dat is (Pas)sterk!

  2. Jehannes Elzinga febrewaris 18, 12:54

    As Plasterk komt tinkt my dat wy as Friezen massaal oplûke moate nei Ljouwert om him it leksum op te sizzen. Den Haach moat it gefoel krije dat der in nije Kneppelfreed driget yn Fryslân. It hinget fan ús as Friezen ôf: as wy it echt net wolle dat Fryslân ferdwynt, sil dat ek net barre! Mar as wy sleau oer ús hinne wâdzje litte, is it ús eigen skuld. Lit ús in foarbyld nimme oan Fedde Schurer.
    Wy hawwe yn 1345 ek de Hollanners keard (yn 1345), dat moat op’e nij kinne!

  3. Anonym febrewaris 18, 13:10

    Elzinga: optsjen (net oplûke)

  4. Sjoerd Groenhof febrewaris 18, 13:56

    sorry wishful thinking, lost neat op!

    Dan wurde provinsje Grinslân en Drinte ek gemeenten en moatte wy noch rapportearje oan in lânsdiel Noard.(lês Grins) Traapje der net yn.

    Ik haw it al fakers sein, set yn op de Fryslân as provinsje+ , hjirmei tinke en prate jo mei en bliuwst oan it stjoer sitten, oars beslisse oaren oer ús. Sjoch plaatsje wat al earder hjir op it aljemint stie. https://www.itnijs.frl/2012/11/grinslan-fierder-mei-drinte/?mc=

  5. Erwin2.0 febrewaris 18, 19:03

    De gemeente is noch altyd de tredde bestjoerslaach. Wy hâlde dan altyd noch in twadde bestjoerslaach boppe ús, en dat sil Lânsdiel Noard dan wurde.

    As wy Fryslân behâlde wolle moatte wy ta op autonomy.

  6. aage m febrewaris 18, 20:04

    Frieslan moat plat

  7. Ferjo febrewaris 18, 20:16

    Witst wat it is, no kinne wy noch dingen oerienkomme yn it Noarden. Mar sadree’t Plaserke en trawanten de boel moai fuseare hawwe tinkt Plaserke dan fjochtsje se lekker mei elkoar en kinne wy noch moai wat sintsjes út it Noarden weilûke foardat it gas en oalje op is. En sadreet wy dy sintsjes hawwe litte wy it Noarden moai ûnderrinne en meitsje dêr ús grut Rânstêdelik park fan.

  8. pyt febrewaris 19, 09:23

    Dan is it ek it belang fan de Grinzers en Drinten om har tsjin dit ûnsillige plan te fersetten!

  9. pyt febrewaris 19, 09:26

    Dan is it ek yn it belang fan ‘e Grinzers en Drinten om har te fersetten tsjin dit ûnsillige plan.

  10. merkbiter febrewaris 19, 11:25

    justerjûn op t.v. in interview mei minister Plasterk.
    ut ûndersyk soe blike dat Fryslân graach mei Grins en Drinte fusearje wol.
    it liket mij sterk at dat sa is , better soe wêze om fan Fryslân ien gemeente te meitsjen ,mei syn eigen taal en kultuur.
    we ha dan ien bestjoerslaach minder en dat besparret in soad jild ,wat uteinlik de bedoeling is fan dit regear.

  11. mbc84 febrewaris 19, 14:23

    dy Pisslop sit ek wer dingen te fersinnen. Nea hawwe de Friezen geargean wollen mei in oare provinsje… Mar ja, it kin him neat skele, dat hiele Fryslân net. Wat him oanbelanget moatte wy net jammerje en gewoan dwaan wat De Haach seit.

    Fryslân net ien gemeente!! Bliksem! Fryslân moat in lân wurde, krekt as Aruba, Kurasau en Sint-Marten dat binne, lannen yn it keninkryk..

  12. Rob febrewaris 19, 14:29

    Ien gemiente mei safolle ywenners liket my neat better as de situaasje no. Sjoch mar nei Amsterdam en Rotterdam. Dy binne net better organisearre as oare gemeentes. Fryslân soe gewoan in aparte status krije moatte lykas Curaçao. Dan bliuwt de Fryske taal en kultuer (dy’t neffens my eins net sa folle oars as dy fan de oare provinsjes, dy hawwe ek har eigen tradysjes) bewaart en wurdt de provinsje (oft dan faaks “lân binnen it keninkryk”) ek sels ferantwurdlik foar har eigen finansjele situaasje. Boppedat wurdt it dan ek dreger foar De Haach om eat troch te setten tsjin’e wil fan’e Friezen sels. Mar ja, it is neffens mei Frysk eigen om te kleien om teloargang fan’t eigene mar der neat foar te dwaan. Kneppelfreed is it iennichste wichtichste, mar ynternasjonaal sjoen stelde sels dat net folle foar. Katalanen soene der heechút om laitsje kinne.

  13. Anonym febrewaris 19, 19:07

    Fersint Pisslop him no, of betinkt er mar wat?

  14. Johannes febrewaris 20, 20:17

    Foar dizze minister moatte wy goed oppasse, hy hat oare minsken oant wurk.
    Lyk as fan Ferjo:”Witst wat it is, no kinne wy noch dingen oerienkomme yn it Noarden.”
    Ik moat hjir net oan tinke “Noard”, wer leit dat yn it noarden by de Noardpoal bygelyks?
    Wy geane kâlde tiden temjitte.
    Fryslân myn leave Heitelân stiet faai en wat kin ik dwaan?
    Lokkich bin der tinkers dy’t der net wiis mei binne en der tsjin yn geane.
    Ik tink dat wy in protte eamels nei “him” stjoere moatte, (ik kin dy miger-namme net mear útsprekke, yn ‘t ferline hie elts in bynamme). Soe hy dan ek út it lân fuortgean?
    Gean ik no net te fier en krij ik de hiele minister rie tsjin my en oare pommeranten ek?

  15. G febrewaris 21, 23:40

    Alle minsken dy’t wat

  16. Johannes febrewaris 22, 11:05

    Alle minsken dy’t wat betsjutte moatte harren warber meitsje en it opkeare. Dizze miger moat tsjin hâlden wurde. Fryslân tsjoch op en lit it brûze en siede.

  17. Sytse febrewaris 22, 21:29

    Fryslân is fan de friezen en dat mat sa bliuwe. It is no tiid om meienoar op te lûken en sjen litte wat wy wolle. En dan soe ik foarstelle om fan alle Fryslânnen dan mar ien te meitsjen, lykas de ynterfryske dikekaart. En dan ek mar yn eigen ID kaart foar Fryslân. Lit us om te begjinnen allegear de frl plakker op de kenteken platen fan de auto plakke om sa al sjen te litten dat wy ‘t miene.

  18. Johannes febrewaris 22, 22:42

    Fryslân is fan friezen en dat moat bliuwe.
    Fryslân is fan friezen en dat moat bliuwe.
    Fryslân is fan friezen en dat moat bliuwe.
    Fryslân is fan friezen en dat moat bliuwe.
    Fryslân is fan friezen en dat moat bliuwe.
    Fryslân is fan friezen en dat moat bliuwe.
    Fryslân is fan friezen en dat moat bliuwe.
    Fryslân is fan friezen en dat moat bliuwe.
    Fryslân is fan friezen en dat moat bliuwe.
    Fryslân is fan friezen en dat moat bliuwe.
    Fryslân is fan friezen en dat moat bliuwe.

  19. aage m febrewaris 23, 11:41

    Werom net in ludyke besetting fan it frysk museum…., In frysk museum sunder frysk in dizze provinsje, dat is kreky wer it mei it lansdiel op oan giet.

    Kinst de namme yn “It Hollansk Museum” feroarrje. Kinst der noch wat bij fersinne. Dat is maklik te dwaan en de impakt sil net lyts weze, grutter dan in bumper sticker op jo wein.

  20. gidi febrewaris 23, 21:01

    fryslan ha ien eigen taal ien eigen kultuer en ien eigen,
    skiednis
    en dat moat sa bliuwen.

  21. Njirre febrewaris 24, 21:43

    Leaver Hollansk as Drintsk

  22. Jehannes Elzinga febrewaris 26, 16:27

    Sietse: by ús sit de FRL sticker al grif 20 jier efter op de auto njonken de nûmerplaat. Wrom dogge alle Friezen dat net dy’t eat mei Fryslân hawwe? Ik haw it idee dat ik FRL stickers hieltyd minder sjoch, dat moat feroarje. Faaks kin de Ried fan de Fryske Beweging in nije sticker foar auto, fyts en moter ûntwerpe mei as tekst: Fryslân moat bliuwe!

  23. Jehannes Elzinga febrewaris 26, 16:29

    Noch in idee foar in sticker: Fryslân boppe, Plasterk yn de groppe! (lekker dûbelsinnich…).

  24. Zeend febrewaris 26, 17:40

    Jehannes, bedoelst dat blauwe sikje mar dan mei FRL ynstee fan NL? Ik wit dat die in jiermannich lyn te keap wiene, mar ha se de lêste jierren net mear sjoen.

  25. Johannes febrewaris 26, 20:03

    “Sticker” is in plakplaatsje.
    Aardich dûbelsinnich is “Fryslân boppe en in oar yn ‘e groppe” net.
    It is gewoan in Frysk sprekwurd en mei ik wol lije.

  26. lytse pier febrewaris 28, 09:49

    Dy FRL stikkers bin gewoan te krijen by Frieseproducten.nl.

  27. Sytse maart 1, 20:31

    Ik bedoelde yndied it lytse blauwe nationale plakplaatsje wat lofts op ‘t nûmmerplaat sit. Neffens my hat de EU dat hokker jiers ynfierd. Lestendeis ha ik sels nog goan kocht by de afuk in Ljouwet foar € 1.50 it stik. Neffens my kinne hja sa mooi sjen litte dat wy foar mear eigen foeg binne yn eigen lân.

  28. Jehannes Elzinga maart 26, 17:45

    Fan Jehannes oan Johannes: mei dûbelsinnich bedoel ik fansels (tinkt my, mar faaks is it dochs minder fanselssprekkend s ik tocht…), dat Plasterk (PlasSterk) oerset wurde kin yn’t Frysk as Sterk Pisje (of Jarje) en it soe dochs goed wêze as dy yn de groppe bedarret, netwier?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.