Oerbringen fan tinzen by rotten slagge

febrewaris 28, 2013 23:44

Amerikaanske wittenskippers binne deryn slagge de tinzen fan in rôt oer te bringen nei in oare rôt, dy’t dêrop it gedrach fan de earste neidie. It is de earste kear dat soks slagge is.

De tinzen waarden opfongen troch elektroanyske sensoaren en oerbrocht fia it ynternet. Sa moast bygelyks in rôt in oefening dwaan as hy in read ljochtsje seach. Dêr krige er in beleanning foar. Dêrnei waard syn brein keppele oan sân rotten, dy’t it reade ljochtsje net seagen. Dochs diene hja meastal wat fan de rôt dy’t it ljochtsje wol seach, frege waard.

De wittenskippers publisearren har resultaten tongersdei yn it wittenskiplike tydskrift Scientific Reports. Neffens de wittenskippers leit dit ûndersyk de basis foar it oanelkoar keppeljen fan breinen, in saneamde ‘organyske kompjûter’. Dêrmei soene problemen  oplost wurde kinne dêr’t in inkeld brein net mei rêde kin.

Kritisy leauwe net dat soks kin. Eksperts sjogge boppedat in etysk minefjild yn it ûndersyk dêrnei.

febrewaris 28, 2013 23:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. pyt maart 3, 09:35

    Minsken dogge dat no al fia spraak en tekst fia ynternet. En der wurdt omraak neidien. Sjuch marris nei de ekonomyske krisis, wêrby’t wy ússels allegear meiinoar nei de kelder jeie. Oan’t der in tige grutte rôt komt, dy’t seit dat it wer goed giet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.