Oarsaak fatale brân Maasticht mooglik bekend

jannewaris 7, 2013 22:04


De brân yn Maastricht, wêrby’t ôfrûne nacht twa bern omkaam binne, is mooglik feroarsake troch in gleonhjitte frituerpanne. Dat hat it Iepenbier Ministearje befêstige.

It fjoer bruts yn ‘e nacht om healwei twaen hinne út yn in hûs yn de wyk Wyck. Twa bern fan trije en fiif jier kamen om, harren mem rekke ferwûne. It fermoeden bestie al dat de brân yn de keuken ûntstien wie, mar wêr oft de eksakte brânkearn wie wie oan fannacht ta net dúdlik. It is noch yn ûndersyk oft it wol te rêden is om in ûngemak. Alle senario’s wurde neffens it IM hifke.

De heit fan de omkommen bern is oanholden. Tsjin him wie sneon oanjefte dien fan bedriging en mishanneling. It IM koe net sizze oft der in ferbân is tusken de twa saken.

jannewaris 7, 2013 22:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.