Kies it Fryske nijswurd fan 2012

jannewaris 4, 2013 03:02

Yn de Frysktalige media kamen dit jier wer in soad nije wurden foar. Guon moasten troch redaksjes nij betocht wurde, om’t se nedich wiene om te berjochtsjen oer saken dêr’t noch gjin Frysk wurd foar wie. Oaren waarden troch de Fryske taalmienskip spontaan oerset. Wer oaren binne sûnder oersetferlet yn it Fryske taalgebiet ûntstien. Guon binne folslein nij, oaren binne ûntstien as lienoersetting út oare talen en wer oaren leine in sliepend bestean yn wurdboeken en binne resint wekker tute troch Fryskskriuwers mei ferlet fan in moai wurd.

De redaksje fan It Nijs hat fyftjin Fryske begripen út it nijs fan 2012 útsocht. Wy freegje jim wat neffens jim it wurd is dat it it measte fertsjinnet om ek nei 2012 yn gebrûk te bliuwen yn de Fryske taal. Meitsje hjirûnder jim kar. Suggestjes foar oare moaie Fryske nijfoarmings kinne makke wurde by de reaksjes.

De fyftjin selektearre wurden binne (yn samar in folchoarder):

willepillen – “erectiemiddelen”, piltsjes om in stive kul te krijen, bygelyks Viagra
sjoddy –  “tot ziens”, in ferfrysking fan it Ingelske “see you”, betocht troch skriuwster Hanneke de Jong en útroppen ta grouwélichste Fryske nijfoarming
klibermoard – “massamoord”, mei “klibermoardner” op It Nijs brûkt yn de berjochtjouwing oer de sjitterij op it Noarske eilân Utøya
breafûns – “broodfonds”,  kollektive arbeidsûngeskiktheidsfersekering fan lytse selsstannigen, brûkt op It Nijs. Omrop Fryslân hat it oer “broodfonds”.
gévisme – “Fries purisme”, oerdreaun geef Frysk wurd of ûnnedige ferfrysking, betocht troch Anne Popkema
lânsdiel – “landsdeel”, net folslein nij, fansels, mar al karakteristyk foar de diskusje oer provinsjale weryndieling fan it ôfrûne jier
boarstfergrutter – “borstimplantaat” of “borstimplantatenfabrikant”, op It Nijs brûkt yn de berjochtjouwing oer siikmeitsje silikoaneboarstfollings fan fabrikant PIP
.frl-ekstinsje – “.frl-extensie” of Frysk Top Level Domain, it lêste stikje fan in ynternetadres, dat skielk as .frl nei Fryslân ferwize kin
ierdskodding – “aardbeving”, âld wurd dat yn 2012 op It Nijs in soad brûkt is, njonken it gebrûklikere “ierdskok”
maaitiidsakkoart – “lenteakkoord”, ek wol “Kunduz-akkoord” en “vijfpartijenakkoord”: it Nederlânske begruttingsakkoart fan 26 april 2012
rotsoaistatus – “junk status”, op It Nijs faak brûkt yn de berjochtjouwing oer de kredytstatus fan lannen en organisaasjes
plofhin – “plofkip”, op It Nijs en Wâldnet yn gebrûk foar in fetmeste slachthin
Nederlânsk jongereindichter – op It Nijs brûkt foar de funksje fan “jonge dichter des Vaderlands”, dy’t yn 2012 ferfolle waard troch de Friezinne Joanne Hoekstra
kultureel wrâlderfskip –  yn ferskate media (It Nijs, Frysk Deiblêd, Wikipedia) brûkt as ferfrysking fan “cultureel werelderfgoed”
Gouden Lemieren – “Gouden Dageraad”, op It Nijs brûkt as Fryske oantsjutting fan de Grykske ekstreem-rjochtse partij Χρυσή Αυγή

*** De stimming is sletten ***

jannewaris 4, 2013 03:02
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jacob Nauta jannewaris 5, 23:46

    It soe in boppeslach wêze as de FRL-ekstinsje der echt komme soe, dêrom ………..

  2. Bertus Jans Postma jannewaris 10, 12:23

    spierkniper (‘hollânsk’ fysiotherapeut)
    sielkniper (‘hollânsk’ psychiater)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.