‘Fear’ foar Ortodontsypraktyk Ljouwert

jannewaris 25, 2013 15:29

LJOUWERT – De Ortodontsypraktyk yn Ljouwert wint dit jier de ‘Fear yn de broek’ foar it omgean mei it Frysk. De praktyk, dy’t flakby it sintrum fan de haadstêd fêstige is, brûkt it Frysk yn de deistige kommunikaasje op sa’n wize, dat de drompel foar minsken om Frysk te brûken folslein fuortnommen wurdt. Mei ‘Praat mar Frysk’-buordsjes en stikkers, in Frysktalige wolkomsttegel, in filmke op youtube, ynternetside en meartalich personiel dat foar in grut part Frysktalich is wurdt klanten dúdlik makke dat se gewoan har eigen taal brûke kinne.

It brûke kinnen fan beide talen wurdt sa aktyf nei bûten ta útdroegen en dat docht fertuten. Yn de praktyk wurdt in soad Frysk praat, sawol troch personiel as troch klanten. De drompel foar it brûken fan it Frysk leit tige leech en dat is goed te merken. De Ried fan de Fryske Beweging wol de sichtberens fan it Frysk yn it deistich libben befoarderje. Dêr is dizze praktyk ek in goed foarbyld fan. Alles mei alles reden genôch om de Ortodontsypraktyk yn it sintsje te setten.

Hjoed is de priis troch foarsitter Geart Benedictus fan de Ried útrikt oan ortodontist Van der Meulen, yn it gebou fan de Ortodontsypraktyk sels. Ortodontist Van der Meulen: “Ik fyn it wichtich dat de drompel leech is foar de besikers om’t it benammen bern binne dy’t hjir komme. It is yn it foarste plak al hiel spannend om in bûgel te krijen en as de ortodontist dan ek noch ris Nederlânsk praat, wurdt in pasjint faak hielendal senuweftich. Ek is it makliker te begripen wêr’t de ortodontist it oer hat as yn je eigen taal sprutsen wurdt”. Benedictus hopet “dat it foarbyld fan de ortodontsypraktyk neifolging fertsjinnet”.

Fear yn ‘e Broek is in priis dy’t ynsteld is troch de Ried fan de Fryske Beweging. It wurdt útrikt oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik makke hawwe op it mêd dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him foar ynset. Earder waard de Fear ûnder oare útrikt oan it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, oan Arno Brok en oan Aaipop. 

jannewaris 25, 2013 15:29
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 jannewaris 27, 11:31

    Webside sjoen, en…. Hja hawwe de priis fertsjinne! Sokken mear.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.