Popperêder blykt mishanneljende pedofyl

desimber 6, 2012 01:50

Skokkende rjochtsaak yn Ierlân

Op it each wie Barry McCarney in held. Op fideobylden is te sjen hoe’t er de stjerrende dochter fan syn freondinne Rachael nei it sikehûs bringt en har in besoarge tút jout.

Mar efter dy oandwaanlike foto giet in mislikmeitsjende wierheid skûl. Barry is in pedofyl, dy’t de lytse Millie (15 moanne âld) 3 moanne lang misbrûkte en mishannele. It famke is ferstoarn oan har ferwûningen.

Barry kaam mei Rachael Martin yn ‘e kunde likernôch trije moanne foar de dea fan it famke. Hja begûnen in relaasje en al rillegau kaam Barry ek by Rachael yn it Noard-Ierske Enniskillen oer de flier.

It duorre net lang foar’t Barry syn gong gie mei Millie. Nei Millie har dea is fêststeld, dat it famke langdoerich lichaamlik en seksueel misbrûkt is, mei in protte ferwûningen as gefolch. In ferwûning oan it holtsje waard har úteinlik fataal.

Âlde groeden en nije skansearringen

It lyfke fan Millie fertoande ek blauwe plakken. Hja waard geregeldwei yn ‘e búk stompt, wat bliken die oan ferwûningen oan har termen. Op har foarholle wie in bult te sjen. De patolooch stelde ek spoaren fan seksueel misbrûk fêst.

In tút fan ‘e ferrieder

Wat der presys bard is op ‘e fatale desimberdei is net dúdlik, mar op bewekkingskamerabylden is te sjen hoe’t Barry mei Millie yn syn earmen Earne Hospital (Noard-Ierlân) ynstoarmjen komt. Op ien fan ‘e bylden is te sjen hoe’t er it famke in tút jout. Net safolle letter draaft in hiel tiim fan ferplegers en dokters mei de stjerrende poppe troch de gongen, yn ‘e hope har noch te rêden. Om ‘e nocht.

De feiten binne fan 2009, mar lekten út ûnder it proses. Barry besocht earst noch om de skuld op ‘e mem Rachael te skowen.

“Hja die it”

“Hja hat har dochter mishannele. Ik waard siik fan har gedrach en hja wegere ek alle help fan sosjale tsjinsten om’t hja alle ferwûningen sels tabrocht hie”, bewearde Barry.

Der wiene gjin bewizen foar dy oanklacht foar de sjuery en dêrom fersmiet de sjuery de beskuldigingen. De sjuery naam oan dat Rachael sûnder it te witten “in mûnster” yn ‘e hûs helle hie.

Nei trije oeren oerlein te hawwen kaam de sjuery ta in konklúzje: Barry is skuldich oan moard, seksueel misbrûk en it bewust tabringen fan slaggen en ferwûningen. De rjochter foege dêr oan ta dat de feiten “ferachtlik” en “ûnbegryplik” wiene.

Rachael waard frijsprutsen fan it wegerjen fan help oan in persoan yn need. By it hearren fan it oardiel begûn hja te gûlen.

Barry syn famylje stiet oan syn kant en bleau derby, ek nei it fonnis, dat er ûnskuldich is. De straf wurdt yn 2013 oer kediisd.

desimber 6, 2012 01:50
Skriuw in reaksje

1 opmerking

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.