Help by it dichtsjen
Resint ferskynd
Foarbylden om sels in gedicht te meitsjen by in presintsje
1
Sinteklaas en Pyt bringe pakjes by de minsken
Yn it grutte boek stean alle winsken
Sint seit no moatte wei nei … (namme) rinne
Ik hoopje dat wy ús net fersinne
Do hiest frege om in .. (kado) dizze kear
Dus Sinteklaas wie sa mar klear.
Bêste…..dit is foar dy
No hâld ik op mei myn rimelderij …. ,
2
Oer de wide, wylde weagen
Wylst de hagelstiennen fleagen
Kaam Sinteklaas út Spanje wei
Socht ek Piterbaas syn wei
Hy rydt by nacht, hy rydt by dei,
Syn swarte feint giet oeral mei
Hja komme by …(namme) mei in moai pakje
Foar dit …(kado) hast grif wol in plakje
3
Alhiel út Spanje makke Sinteklaas de reis.
No is er hjirre aloan ûnderweis.
Om elts yn it lân wer bliid te sjen
Grutte minsken, lytse bern
Is faak in hiele poepetoer
Elts wol graach wat yn’e koer
Sint kaam út Spanje oer it wetter
Foar dy is hjir in …. (kado) en in sûkelade letter
4
Sinteklaas is yn it lân, it is safier!
… (name) do bist no … (leeftid) jier
fan …..(hobby) bisto spikergek
Sint sil ris sjen yn syn grutte sek
Syn hynder giet oer dyk en dak,
En bringt dizze grize baas te plak.
Dit … (kado) befalt dy fêst
Dan hat de Sint no yn bistje rêst
5
Op fiif desimber is Sinteklaas te plak
En rydt mei kadootsjes oer it dak
Syn swarte feint hat it dan ferhipte kâld.
Sinteklaas kin ek net sa hurd, dy man is al âld.
Ja, hy moat troch tsjustere nachten
En hy wit hoe’t wy op him wachten,
Mei dit …. (kado) bisto grif wol bliid
Sinteklaas moat fierder en hat it net mear oan tiid.
Sjoch foar mear ynspiraasje en help by it finen fan Fryske rymwurden op http://www.fryskerymwurden.nl/ (boarne).
xxxx
ik sykje in rymwurd foar noas
boas foas hoas kroas moas poas proas roas soas