Oersethelp

novimber 12, 2012 10:53

 

 

Ferline wike frege immen yn Hollân oft der ek in oersetprogramma is foar Hollânsk-Frysk. Syn passive kennis fan it Frysk (ferstean en lêze) wie wol foldwaande, mar hy koe wol wat help brûke by de aktive behearsking (prate en skriuwe). Op Facebook wie Jehannes Houtsma sa behelpsum om ús te wizen op www.oersethelp.nl. Nij foar my en dêrom marris besykje oft it wurket. De side wie maklik te finen en handich yn it brûken: selektearje in stikje tekst en plak dat yn it fek dat dêrfoar ornearre is. Nei in sekonde stiet der yn it fek derûnder in oersetting. Der stiet wol in warskôging by: de hiemside is noch yn ûntwikkeling en der wurdt oanret om de tekst noch eefkes troch te lêzen. Dat blykt ek wol nedich te wêzen. Ik haw in stikje Hollânske tekst fan Wikipedia oer Jet Bussemaker yn it oersetfek setten. Dit wie it resultaat (wêrom kin dat net gewoan risseltaat wêze ???):

Kieze fynt hja nammers dochs altyd al slim,  biechtte hja noch dit jier op oan it blêd Intermediair.  It PvdA-lid (neffens eigen sizze ’geen partijtijger’)  wit lykwols in ding wol hiel fêst:  hja is maatskiplik slim belutsen.  As teener al,  fertelde hja Intermediair ek:  „De meast bepalende perioade yn dyn libben is neffens my de beginperiode fan de middelbere skoalle.  By my wie dat de tiid fan it kabinet-Den Uyl.  Ik wit noch dat de Portugezen him terugtrokken út Angola en dat ik yn de krante lask dat der noch in vrachtwagen oer wie yn dat lân,  de rest wie wei.  De Vietnamoorlog wie dwaande,  do hie de Rote Armee Fraction yn Dútslân.  By al dit soart ûnderwerpen tocht ik:  hoe kin it no dat dit allegearre bart,  dat dit sa út de hân rint?  Ik hie in gefoel foar rechtvaardigheid.  Ik siet by in Leidse actiegroep foar skoalbern,  in soart voorloper fan LAKS,  ik hie ek wat feministische sympathieën.”

Dat neilêzen blykt wol nedich te wêzen. De reade wurden koe de oersethelp ús net oan in oersetting helpe en dat binne der nochal wat: tweintich yn tsien sinnen. Fierder is te merkbiten dat it in meganyske oersetting fan wurden is. De doetiid fan lêze is yn it Hollânsk: las, sjocht ús oersetter oan foar it wurd laskjen. Bêst aardich om eefkes nei te lêzen om te sjen wat it fertaalpragramma der noch mear fan makke hat.

Immen dy’t it skriuwen net yn de macht hat kin op dizze “helper” dus net betrouwe. It is miskien allinne gaadlik foar immen dy’t wol Frysk skriuwe kin en net alles hoecht oer te skriuwen, mar folstean kin mei it ferbetterjen fan de flaters fan de oersetmasjine. JvdB

 

novimber 12, 2012 10:53
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. pyt novimber 12, 22:26

    De Google-oersetter tusken de ‘grutte’ talen is perfoarst net better en kin sels totale ûnsin produsearje. It moaist is dat te sjen as men in stik nochris de oare kant út oersette lit.

    Sá dus, út it Hollânsk hinne en werom út it Dútsk:

    De Google vertaler tussen de “grote” talen is zeker niet beter en kunnen zelfs complete onzin. Het beste is om te kijken of een stukje om opnieuw te vertalen in de andere richting!

  2. Erwin2.0 novimber 13, 08:02

    It is wol fan grut belang want der is oars gjin mooglikheid om grutte lapen tekst oer te setten. Miskien dat de RfdFB wurk meitsje kin fan in online oersetter út it Nederlânsk, Dútsk, Frânsk en Ingelsk mei as doeltaal Frysk?

  3. Taalbaas novimber 13, 10:38

    De Fryske Akademy wurket oan in oersetter, yn oparbeidzjen mei de Universiteit fan Nijmegen.

  4. Jens novimber 13, 11:06

    @Taalbaas: wurdt dat dan ien dy’t yntegrearre wurdt yn Google?
    ik brûkte earder wol faak de Taalhelp, mar dy skynt net te wurkjen ûnder de nijere software.

  5. Rob novimber 16, 23:07

    Kompjûters binne handich mei oersetten, mar it sil altyd kontrolearre wurde moatte troch in minske. Krekt as poëzy oersette is it net meganysk te dwaan troch de nuânses. In minske fielt dy oan wylst hja hieltyd feroarje wylst in kompjûter ôfhinklik is fan syn programmearring (oant no ta yn alle gefallen).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.