Jostiband nei Kiev

novimber 1, 2012 00:00

 

De Jostiband giet nei Kiev. It orkest út Zwammerdam spilet ein jannewaris op it nijjierskonsert fan de Nederlânske ambassade yn Oekraïne.

Op sneon 26 jannewaris geane likernôch 35 orkestleden nei Kiev. Dêr jouwe hja twa konserten: ien yn de National Philharmonic, en ien foar in stichting dy’t foar Down-bern opkomt. “De ambassade yn Kiev jout alle jierren in nijjierskonsert en hja noegje regelmjittich koaren en orkesten út Nederlân út”, fertelt Lyan Verburg, dirigint fan de Jostiband. Mooglik giet omrop Max mei om de reis yn byld te bringen.

Ut de kearngroep fan bêste muzikanten selektearre Lyan 35 leden dy’t mei op reis kinne. “Hja binne hielendal yn ‘e gloria.” De Jostiband makket yn Oekraïne net allinnich muzyk, mar hat dêr ek in foarbyldfunksje. “De stichting dy’t ien fan ‘e konserten organisearre brûkt ús om omtinken te krijen foar wat minsken mei in ferstanlike beheining berikke kinne.”

Mear ynformaasje oer de Jostiband: sjoch www.jostiband.nl.

novimber 1, 2012 00:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.