ETA wol prate oer opheffing

novimber 25, 2012 17:55

De ETA wol mei de Spaanske oerheid prate oer opheffing. Dat hat de Baskyske krante Garda hjoed buorkundich makke. De bewapene ûnôfhinklikheidsorganisaasje is al 45 jier warber en hat troch talleaze terreurdieden syn stipe ûnder de Basken fierhinne ferlern. De organisaasje hat it gebrûk fan wapens ein 2010 ôfsward en de Baskyske foarstanners fan ûnôfhinklikheid wolle mei de nije politike partij Bildu op in demokratyske wize harren doel berikke.

De ETA stelt as betingst foar opheffing dat de sânhûndert feroardiele ETA-leden dy’t rûnom yn Spanje opsletten binne, oerbrocht wurde nei finzenissen yn Baskelân, sadat harren freonen en famylje harren faker opsykje kinne. De Spaanske steat hat al jierrenlang it belied dat politike finzenen fier fan harren wenplak detinearre wurde. Dat belied is in protte wjerstân tsjin.

De Spaanske minister fan ynlânske saken Jorge Fernandez Diaz hat te witten dien dat er net mei de ETA ûnderhannelje sil oer betingsten. De organisaasje moat himsels gewoan opheffe, sa is syn betinken.

novimber 25, 2012 17:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.