Arrivatrein yn NS-intercitykleuren spuite

novimber 30, 2012 00:38

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is in nije Arrivatrein troch graffityspuiters yn ‘e kleuren fan in NS-intercity spuite. De blauwe designtrein stie op in rangearterrein yn Swol. Neffens Arriva kostet it likernôch € 40.000,– om de trein skjin te meitsjen. It bedriuw hat oanjefte dien.

Misdiedige sabotaazje-aksje

Anne Hettinga, de direkteur fan Arriva, sprekt fan “sike geasten” dy it dien hawwe en neamt it in misdiedige sabotaazje-aksje.
Hy seit ek: “Myn meiwurkers hawwe hurd wurke om 14 treinen op 9 decimber ride litte te kinnen. Dit is foar myn meiwurkers in klap yn it gesicht.”
Neffens Hettinga duorret it grif twa dagen om de trein skjin te meitsjen, mar hy is der wis fan dat alle nije treinen op 9 desimber ynset wurde kinne.

De polysje ûndersiket de kamerabylden fan it rangearterrein en analysearret de ferve dy’t brûkt is. It bedriuw hat bewekkers ynhierd om it terrein te beweitsjen.

novimber 30, 2012 00:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.